Mei yngong fan 1 jannewaris2005 fusearre de gemeente Warnsveld mei de gemeente Sutfen. Sût 2001 foarmet Sutfen mank mei de Gelderske gemeenten Apeldoarn, Brummen, Epe, Lochem en Voorst en de Oeriselske geme ente Dimter it gearwurkingsferbân Stêdetrijehoeke of Cleantech-regio. Dat regionale gearwurkingsferbân hat as doel yn 2030 enerzjyneutraal te wêzen en ûntwikkelet meiïnoar oparbeidzjend belied op fysyk (romtlike oardering, wenjen, ferkear ensfth), ekonomysk en sosjaal mêd.
Geografy
De gemeente leit yn it noardeasten fan de provinsje Gelderlân en is part fan it gearwurkingsferbân Stêdetrijehoeke dêr't sân Gelderske en ien Oeriselske gemeente yn meiwurkje, neamd nei de trije stêden Apeldoarn, Dimter en Sutfen. De gemeente grinzget oan de gemeenten Lochem, Bronckhorst, Brummen en Voorst.
Yndieling
De gemeente Sutfen hat de yndieling fan de stêd yn wiken feroare troch wijen gear te foegjen en oare nammen te jaan. Sa is de wyk Noordveen ûntstien wêrûnder de gânse noardlike stêd dêr't ûnder oaren it Deventerwegkwartier en Voorsteralleekwartier falle. Tusken it sintrum en it dorp De Hoven streamt de rivier de Isel;