Warnsveld wie oant it op 1 jannewaris 2005 mei de gemeente Sutfen gearfoege waard in selsstannige gemeente. Yn de tiid fan de gearfoeging hie Warnsveld ± 9200 ynwenners. Bewesten Warnsveld leit Sutfen, besuden de Sutfenske wyk Leesten, en benoarden leit op ± 2 kilometer ôfstân Eefde.
De Martinustsjerke yn Warnsveld is nei alle gedachten al yn de 9e of de 10e iuw stifte. Warnsveld waard foar it earst neamd yn skrift yn 1121.