Albert (Bert) Haanstra (Espelo, 31 maaie 1916 – Hilfertsom, 23 oktober 1997) wie in Nederlânsk filmregisseur, etolooch, fotograaf en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich.
Haanstra syn filmkarriêre sette útein yn 1947. Syn koarte film Spiegel van Holland waard yn 1951 bekroand mei de Grand Prix op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Glas wûn de Oscar foar bêste dokumintêre koarte film yn 1960, en de film ûntfong ek de Sulveren Bear op de Berlinale fan 1958. Hy makke ek spylfilms, wêrûnder de komeedzjefilm Fanfare, dy't yn 1959 bekroand waard mei de Palme d' Or. Haanstra waard noch twa kear nominearre foar in Oscar yn de kategory Bêste Dokumintêre mei Alleman en Bij de beesten af, dêr't er yn oparbeide mei de Britske gedrachswittenskipper Jane Goodall.
Haanstra waard beneamd ta offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Filmografy
Haanstra syn samle wurk is útbrocht op dvd, mei wat begeliedend kommintaar fan himsels: "Bert Haanstra compleet" (10 dvd's).
Literatuer
- Bert Haanstra: filmer van Nederland / Hans Schoots. - Amsterdam: Mets & Schilt, cop. 2009. - 381 s. : foto's. ; 24 cm. Mei lit. opj., reg. ISBN 978-90-5330-666-6
- Jo Daems, Teder testament: de films van Bert Haanstra. Een biografie (1996)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|