It Ynternasjonaal Teosofysk Sintrum yn Naarden is ien fan de trije ynternasjonale sintra fan de Teosofyske Feriening yn de wrâld. It sintrum leit op in lângoed yn Naarden, yn de bosken tichtby de Goaimar. It wurdt besocht troch minsken út alle lannen fan de wrâld.
Neist it haadkertier yn Adyar (Yndia) binne de oare twa sintra de Manor yn Sydney (Austraalje) en it International Theosophical Centre (ITC) yn Naarden (Nederlân). Krotona yn Kalifornje, "The Farm" by Brasilia (Brazylje) en noch in tal oare binne saneamde "minor centres" ek al binne dy faak grutter wat oerflak oanbelanget.
Yn 1925 skonk frou Van Eeghen-Boissevain it domein oan Annie Besant, de twadde ynternasjonale presidinte fan de Teosofyske Feriening. Yn it Ynternasjonaal Teosofysk Sintrum (ITC), dat sûnt 1990 statutêr de ynternasjonale presidint fan de Feriening as foarsitter hat, wurde geregeldwei simmerskoallen en kursussen organisearre.
It is boppedat de sit fan de Europeeske Federaasje fan de Teosofyske Feriening (EFTS).