Waylon Jennings waard yn 1937 berne op in pleats by Littlefield, yn 'e steatTeksas, dêr't syn heit boere-arbeider wie, as de soan fan William Albert Jennings en Lorene Beatrice Shipley. Oan syn heite kant wied er fan Iersk en Black-Dutch (Dútsk en Yndiaansk) etnysk komôf, wylst er oan syn memmekant û.m. Sjeroky- en Komantsje-bloed hie. Syn folsleine namme wie Wayland, mar doe't in baptistyskedûmny tsjin syn mem sei hoe moai oft er it fûn dat se har soan nei de Wayland Baptistyske Universiteit yn Plainview neamd hie (fan it bestean wêrfan't hja net op 'e hichte west hie), begûn se him ynstee Waylon te neamen.
Jennings groeide op yn Littlefield, dêr't syn heit en mem hinne ferhuze wiene doe't syn heit dêr in grientesaak begûn. Doe't er acht jier wie, learde syn mem him om gitaar te spyljen, en fan dy tiid ôf trede de jonge Waylon gauris op by famyljegearkomsten en letter yn it pleatslike jeugdhonk. Yn syn lettere libben soed er njonken gitaar ek basgitaar, piano en mandoline spylje. Hy wûn in talintejacht op in radiostjoerder yn Lubbock mei it bekende liet Hey Joe, en wie neitiid geregeldwei te sjen en te hearren yn it Palace Theater yn Littlefield, dêr't er in graach sjoene gast wie.
Muzykkarriêre
Iere jierren
Yn 1949, doe't er tolve jier wie, die Jennings audysje foar it pleatslike radiostasjon fan Littlefield. Hy waard oannommen foar in fêst programma fan in healoere yn 'e wike, en foarme dêrfoar syn eigen band, de Texas Longhorns. Mei in styl dy't de midden hold tusken tradisjonele country en bluegrass waarden harren optredens faak net bysûnder wurdearre. Yn 1953, op syn sechstjinde, waard Jennings troch de skoalynspekteur oerhelle om fan skoalle te gean, mei't er neffens de man net de juste ynstelling hie om troch te learen (hy wie ferskate kearen yn konflikt kommen mei syn leararen). Neitiid wurke Jennings yn syn heite grientesaak en hied er ferskate tydlike baantsjes. Dêrnjonken trede er geregeldwei op foar de countrymuzykstjoerder KDAV yn Lubbock. It wie yn dy tiid dat er yn in restaurant yn Lubbock yn 'e kunde kaam mei rock n' roll-stjer Buddy Holly, mei wa't er befreone rekke.
Yn 1956 waard Jennings troch de stjoerder KVOW, ek yn Lubbock, oannommen as discjockey, wêrby't er fan fjouwer oere middeis oant tsien oere jûns yn 'e loft wie, en foar it meastepart country draaide. Hy ferfear nei Lubbock, mar waard by KVOW ûntslein om't er ek muzyk fan Little Richard en Chuck Berry hearre liet. Lokkigernôch fûn er al rillegau in oare d.j.-posysje, by KLVT yn Levelland, en letter by KLLL, wer yn Lubbock. Yn 1958 holp Buddy Holly Jennings om syn earste lieten op te nimmen: Jole Blon en When Sin Stops (Love Begins).
Mei Buddy Holly op toernee
Holly naam Jennings ek oan as basgitarist foar syn kommende toernee, dat ein jannewaris1959 yn Milwaukee úteinsette. Troch it winterwaar ûntstie der in logistyk probleem om op 'e tiid fan it iene nei it oare konsertplak te kommen, dat nei in optreden yn Clear Lake, yn Iowa, sjartere Holly foar himsels, gitarist Tommy Allsup en Jennings in fleantúch om harsels de lange en ûnkomfortabele busreis nei Fargo, yn Noard-Dakota, te besparjen. Doe't J.P. Richardson, better bekend ûnder syn bynamme The Big Bopper, dy't de gryp hie, klage oer de oansteande busreis, stie Jennings syn plak yn it fleantúch oan him ôf, wylst Allsop syn plak by in toss ferlear oan Ritchie Valens. Sa't bekend is, stoarte dat fleantúch op 3 febrewaris1959, in dei dy't neitiid The Day the Music Died kaam te hjitten, del bûten Clear View, wêrby't alle ynsittenden omkamen.
Neitiid waarden Jennings, Allsop en de oare oerlibjende leden fan Holly syn band alderskeamelst behannele troch Holly syn produsint, de General Artists Corporation. Har earsteklaskaartsjes om nei Holly syn begraffenis yn Lubbock te fleanen, krigen se nea fergoede, ek al wie har dat yn 't foar wol tasein. Se setten it toernee noch twa wiken fuort, mei Jennings as leadsjonger, mar krigen minder as de helte fan it oarspronklik ôfprate salaris útbetelle. Uteinlik joegen se it oer, en Jennings kearde werom nei Lubbock, dêr't er in hoartsje syn âlde posysje as discjockey foar KLLL wer opnaam. Hy waard lykwols pleage troch skuldgefoelens oer it fleantúchûngemak, en ferliet it radiostasjon mei rûzje.
Op eigen manneboet fierder
Jennings syn earste single, Jole Blon, kaam yn maart 1959 út, mar behelle mar in beheind súkses. Nei in optreden yn Phoenix, yn Arizona, waard Jennings lykwols frege as fêste sjonger foar de nachtklubJD's, fan Jimmy D. Musiel, yn Scottsdale. Jennings gie op dat foarstel yn en foarme in eigen bandsje, The Waylors. Wylst er yn JD's wurke, ûntjoech er syn "rock-timpere country-styl", dy't syn muzyk syn hiele fierdere libben karakterisearje soe. Yn 1961 tekene Jennings in kontrakt mei Trend Records, dêr't er tuskenbeiden súkses hie mei de single Another Blue Day. Fia fia krige er gedoente mei de gruttere muzykprodusint A&M Records, dêr't er yn july 1963 in kontrakt mei ôfsleat. De singles dy't er dêr útbrocht, wêrûnder Four Strong Winds, mei op 'e B-kant Just to Satisfy You, wiene net botte súksesfol, mei't A&M Records mear talein wie op folksmuzyk en hast gjin kliïntêle hie foar country.
Yn 1964 brocht Jennings foar BAT Records syn earste album út, Waylon at JD's, dat yn 'e nachtklub ferkocht waard oan klanten fan JD's. Datselde jiers hearde sjonger Bobby Bare in nûmer fan Jennings op in pleatslike radiostjoerder doe't er troch Phoenix kaam ûnderweis nei Las Vegas. Hy skille Chet Atkins op, de baas fan 'e platemaatskippij RCA Victor, út Nashville, om dyselde oant te fiterjen en jou Jennings in kontrakt. Doe't Atkins de rie fan Bare opfolge en Jennings yn 1965 in oanbod die, wifke dy tusken it behâld fan syn fêste baan by JD's en de sprong yn it ûnbekende mei RCA. Hoewol't syn freon Willie Nelson it him ôfrette, naam er it kontrakt úteinlik dochs oan en ferfear er nei Tennessee, dêr't er yn Nashville in appartemint dielde mei kollega-sjonger Johnny Cash. Yn augustus 1965 stie Jennings foar it earst yn 'e countryhitlisten mei de single That's the Chance I'll Have to Take.
Syn debútalbum by RCA wie Folk-Country, folge troch Leavin' Town en Nashville Rebel. Leavin' Town befette twa nûmers dy't it ta plak 17 yn 'e countryhitlisten brochten, Anita, You're Dreaming en Time to Burn Again. In trêde nûmer, in cover fan Gordon Lightfoot syn (That's What You Get) For Lovin' Me, waard Jennings syn earste top 10-hit. It album Nashville Rebel wie eins de soundtrack fan in film mei deselde namme, wêryn't Jennings sawol syn akteardebút makke as de haadrol spile. Mids sechtiger jierren ferskynde fan him it iene nei it oare album dat midsmjittich súkses hie, mei frij aardige ferkeapsifers. Yn 1967 helle de single The Chokin' Kind it achtste plak yn 'e hitlisten en it jiers dêrop berikte Only Daddy That'll Walk the Line it twadde plak. Yn 1969 wûn Jennings yn gearwurking mei The Kimberlys foar de single MacArthur Park in Grammy Award foar bêste countrysjongoptreden fan in duo of groep.
De Outlaw-jierren
Geandewei ûntstie der lykwols almar mear deilisskip tusken Jennings en syn platemaatskippij. De grutte countryplatebazen yn Nashville stiene in muzykstyl foar dy't se countrypolitan neamden (in gearlûking fan "country" en "cosmopolitan"), en dy't karakterisearre waard troch orkestarranzjeminten en it ûntbrekken fan tradisjonele countrymuzykynstruminten. Fan gefolgen wie it Jennings net tastien om syn eigen gitaar te bespyljen of sels materiaal oan te dragen om op te nimmen. Ek besochten se him te ûntmoedigjen om syn eigen band, The Waylors, te brûken, mar dat died er dochs. Yn in fraachpetear sei Jennings dêroer letter: "Je mochten neat fan harren. Je moasten je op in beskate wize klaaie, je moasten alles krekt sa dwaan en net oars. [...] Se besochten gewoan oanhâldend om my stikken te meitsjen." Yn 1972 brocht er it album Ladies Love Outlaws út, wat syn earste stap wie op it paad dat him ta de saneamde Outlaw-beweging liede soe.
Datselde jiers rûn Jennings syn kontrakt by RCA Victor ôf. Fia syn drummer, Richie Albright, kaam er yn 'e kunde mei de NewyorkskeabbekaatNeil Reshen, dy't de nije ympressario fan himsels en fan Willie Nelson waard. Nei't Nelson mei help fan Reshen RCA ferlitten hie en in kontrakt ôfsletten hie mei Atlantic Records, woene se by RCA einlings wol omlyk, en krige Jennings in nij kontrakt mei in better salaris en artistike frijheid oanbean. Syn albums Lonesome, On'ry and Mean en Honky Tonk Heroes, dy't yn 1973 útkamen, wiene de earsten by RCA dêr't er sels sizzenskip oer hie. Dit wie in wichtich kearpunt yn syn karriêre, en it begjin fan syn súksesfolste perioade. Yn 1974 helle er mei de single This Time foar it earst in nûmer 1-hit yn 'e countryhitlisten. Datselde jiers berikte ek de single The Ramblin' Man it earste plak, en it folgjende jiers Are You Sure Hank Done It This Way. Dat lêste nûmer wie fan it album Dreaming My Dreams, dat Jennings syn earste gouden plaat waard; syn folgjende seis albums efterinoar waarden allegearre gouden of platina platen.
Yn 1976 brocht Jennings it album Wanted! The Outlaws út, yn gearwurking mei Willie Nelson, Tompall Glaser en Jessi Colter. Dat wie it earste country-album dat ea in platina plaat waard. De gearwurking mei fral Nelson wie tige fruchtber, en smiet it oare jiers de hitsingle Luckenbach, Texas (Back to the Basics of Love) op, en yn 1978 it album Waylon and Willie, mei de nûmer 1-hit Mammas, Don't Let Your Babies Grow Up to Be Cowboys. Datselde jiers, doe't er op it hichtepunt fan syn populariteit en súkses wie, begûn Jennings him sa njonkelytsen wat yn syn artistike frijheid en repertwaar beheind te fielen troch de Outlaw-beweging, in gefoel dêr't er utering oan joech yn it liet Don't You Think This Outlaw Bit Has Done Got Out of Hand?
Yn 1979 kaam Jennings syn sammelalbum Greatest Hits út, dat itselde jiers noch goud waard en tsjin 2002 fjouwer kear platina wurden wie. Ek yn 1979 waard Jennings troch de filmstudioWarner Brothers belutsen by de nije tillefyzjesearjeThe Dukes of Hazzard. Dat waard in grut súkses, sawol yn de Feriene Steaten as dêrbûten, en makke Jennings foar it earst bekend by in breder publyk bûten Noard-Amearika. De searje rûn sân tillefyzjeseizoenen, fan 1979 oant 1985, en Jennings die by alle 145 ôfleverings de voice-over troch de saneamde Balladeer ("Balladesjonger"), in alwittende ferteller dy't foarútblikte op noch net barde foarfallen en it spul begelate mei komyske sydlingse opmerkings en typysk Súdlike sprekwurden en folkswiisheden. De iennichste kear dat er (nei lang oankringen fan 'e fans fan 'e searje) sels as akteur ferskynde, wie yn Welcome, Waylon Jennings, in ôflevering út it sânde en lêste seizoen, wêryn't er himsels spile en delset waard as in âlde freon fan 'e famylje Duke. Jennings skreau en song ek de werkenningsmeldij fan 'e searje, it nûmer Good Ol' Boys, dat de grutste countryhit fan syn karriêre waard, en dêrnjonken ek in crossover-hit, mei't it it 21ste plak yn 'e reguliere hitlisten helle.
Lettere jierren
Underwilens sette Jennings syn súksesfolle gearwurking mei Willie Nelson fuort, dy't yn 1982 resultearre yn in nij gouden album, WWII. Mids tachtiger jierren foarme Jennings mei Nelson, Johnny Cash en sjonger en akteur Kris Kristofferson de countrysupergroep The Highwaymen. Yn 1986 helle it album Will the Wolf Survive?, it earste dat Jennings (yn 1985) útbrocht by syn nije label MCA, noch it earste plak yn 'e country-albumlisten, mar tsjin dy tiid wie syn súkses dúdlik op syn retoer. Yn 1990 tekene er in kontrakt mei Epic Records; syn earste album dêre, The Eagle, waard syn lêste dat de top 10 noch helle.
Yn 1993 brocht er in album mei berneferskes út, Cowboys, Sisters, Rascals & Dirt, by wize fan earbewiis oan syn fjirtjinjierrige soan Shooter. Yn 1998 foarme er mei de countryfeteranen Bobby Bare, Jerry Reed en Mel Tillis de groep de Old Dogs, en brocht er mei harren it album mei deselde namme út. Hoewol't syn ferkeapsifers stadichoan efterútbuorken, wiene Jennings syn konserten noch altyd yn in flok en in sucht útferkocht. De live-opname fan ien sa'n konsert, yn jannewaris 2000 yn it histoaryske Ryman Auditorium yn Nashville, mei as titel Never Say Die: Live, waard syn lêste album.
Priveelibben
Waylon Jennings troude fjouwer kear en skiede trije kear. Syn earste houlik wie yn syn jonkheid mei Barbara Rood, wêrnei't er ein 1955 wertroude mei Maxine Carroll Lawrence. Mei har hied er fjouwer bern. Hy wertroude foar de twadde kear yn 1962, mei Lynne Jones, mei wa't er ien bern hie, mar ek dat houlik einige, yn 1967, yn in skieding. Twa jier letter, yn 1969, wertroude er foar de trêde kears, mei sjongster Jessi Colter, mei wa't er ek ien bern krige. Colter en Jennings bleaune byinoar oant syn dea.
Jennings hie ûnder syn karriêre ferskate drugsproblemen. Yn 'e mid-sechtiger jierren, doe't er gearwenne mei Johnny Cash, rekke er ferslingere oan amfetaminen. Yn 1977 waard er oppakt troch de federale narkotikabrigadeDEA foar gearspanning en it besit fan kokaïne mei de bedoeling om it út te suteljen. Der wie lykwols gjin bewiis om't Jennings dat troch it húske spield hie yn 'e tiid dat de DEA-mannen op in hûssikingsbefel wachten. Oan it begjin fan 'e tachtiger jierren boaze syn kokaïneferslaving noch fierder oan. Letter woed er hawwe dat er der yn dy tiid foar $1.500 deis trochhinne snúfde, wat makke dat er úteinlik fajyt gie mei in skuld fan $2,5 miljoen. Hoewol't er der in punt fan makke om al syn skulden ôf te beteljen (hoewol't er dêr troch syn wetlik bankrot net mear ta ferplichte wie), litte syn wurk yn hege mjitte ûnder syn ferslaving. Uteinlik wie it syn skamte foar syn jonge soan Shooter oer, dy't Jennings der yn 1984 ta oansette om clean te wurden.
Ferstjerren
De lêste tsien, fyftjin jier foar syn dea hie Jennings te krijen mei in weromrinnende sûnens. Hoewol't er yn 1984 fan 'e drugs ôfrekke, en der yn 1988 ek mei ophold om deis seis pakjes sigaretten te smoken, wie dat wierskynlik te min en te let om him wer by de wâl op te helpen. Yn 1988 ûndergie er in hertoperaasje, en yn 'e njoggentiger jierren rekke er oanhelle mei sûkersykte, dy't tsjin 2000 sa oanboaze dat er slim yn syn mobiliteit beheind waard. Hy hie in protte pine en wie twongen om syn toernees foar it meastepart op te jaan. Datselde jiers waard er operearre om 'e bloedsomrin yn syn lofterskonk te ferbetterjen, mar it holp net, en yn desimber 2001 moast de skonk ôfset wurde yn in sikehûs yn Phoenix. Op 13 febrewaris2002 ferstoar Jennings yn Chandler, yn Arizona, yn syn sliep oan 'e komplikaasjes fan syn sûkersykte. Hy waard 64 jier. Jennings leit begroeven yn Mesa. Syn frou Jessi Colter song op syn begraffenis it liet Storms Never Last ("Stoarmen Duorje Nea Lang").