It wapen fan Rottum is it wapen fan it doarp Rottum, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn 1992 registrearre.
Beskriuwing
De blazoenearring fan it wapen is:
Keperd trochsneid troch in skâns fan kiel: I yn goud yn de rjochterboppehoeke in ferkoart krús en yn de linkerboppehoeke in rút, beide fan sabel; II yn sulver in sânpuntige stjer fan sinopel.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud, sabel (swart), sulver en sinopel (grien).
Symbolyk
Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn wêr't it doarp op leit.