Walking in the Air is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Howard Blake en Peter Auty yn 1982 foar de krystfilm The Snowman fan Dianne Jackson út 1982 basearre op it boek The Snowman fan skriuwer Raymond Briggs út 1978.
Oer it nûmer
It ferhaal fertelt oer aventoeren fan in jonge jonge en in sniepop dy't ta libben kaam is. Yn it twadde part fan it ferhaal fleane de jonge en de sniepop nei de Noardpoal. " Walking in the Air " is it temaliet fan de reis. Se wenje in feest fan sniemannen by, wêrby't de jonge de iennige minske liket te wêzen oant se de Krystman moetsje mei syn rindieren, en de jonge in sjaal krijt mei in sniepoppatroan.
Nightwish cover
Walking in the Air is in nûmer dat opnaam is troch Nightwish yn 1998 en útbrocht op it album Oceanborn fan Nightwish út 1998. Walking in the Air wie it tsiende nûmer op it album en waard op 31 jannewaris 1999 útbrocht as twadde single fan it album.
Muzikanten
Fleane yn'e Loft
Fleane yn'e Loft is in bewurking fan Walking in the air ôflaat fan de Nightwish ferzje, foar it Grutte Pier Projekt nei Fleane yn'e Loft en waard ynsongen troch Carla de Bruine.
Fleane yn 'e Loft giet oer de freonskip en leafde tusken minsken, jong en âld mei in selde gefoel foar frijheid en ûnôfhinklikheid.[1]
Muzikanten
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|