De Universiteit Leien (Latynske namme: Academia Lugduno-Batava; Ingelske namme: Leiden University), ôfkoarten as UL, waard oprjochten yn 1575 en is de âldste universiteit fan Nederlân. De universiteit hat njoggen fakulteiten, dêr't mear as 25.000 oan studinten ynskreaun steane (stand: akademysk jier 2015-2016). De namme fan de universiteit wie oant 1998Ryksuniversiteit Leien.
Skiednis
De universiteit wie in geskink fan Willem fan Oranje oan de stêd Leien nei it Leidsk ûntset. Neffens de oerlevering koenen de boargers as beleanning foar harren dappere ferset tsjin de Spanjaarden kieze út tsien jier gjin belesting betelje of in universiteit. De universiteit waard op 8 febrewaris1575 stifte en krige as motto Libertatis Praesidium, wat "bolwurk fan de frijheid" betsjut, of yn de wurden fan Willem fan Oranje: "in vast stuensel ende onderhoudt der vryheyt". Hy finansiere de universiteit mei de besittings fan de katolike abdij fan Egmond dy't hy yn 1573 tegearre mei it kastiel fan Egmond ferwoaste litten hie troch de Geuzen ûnder lieding fan Diederik Sonoy.
De "Anty-Paepsche" ûntsteansskiednis wêryn't Leien benammen in protestantske tsjinhinger fan it katolike Leuven yn de Lege Lannen wurde moast, spile yn de fierdere skiednis fan de Leienske universiteit ider kear wer op. Al daliks fûn de Synoade fan Hollân dat har it tafersjoch op it ûnderwiis takaam, dêr't Oranje en de Steaten van Hollân harren mei sukses tsjin fersetten.
De universiteit siet yn it earstoan yn it Sinte Barbarakleaster, mar ferhuze yn 1577 nei it Faliede Bagijnhof oan it Rapenburch, om yn 1581 ûnderdak te kiezen yn it konfiskearde kleaster fan de dominikaanske Wite Nonnen oan de oerside fan de grêft. Dat gebou wurdt (nei de nedige ferbouwings) noch altyd as it Akademygebou fan Leien brûkt.
Der wie yn de Gouden Iuw benammen ûnderrjocht yn filosofy en kennis fan de klassike Romeinske en Grykske skiednis. Dêrby waard der ûnderrjocht jûn yn de sân frije keunsten (grammatika, dialektika, retorika, aritmetika, geometria, musika, astronomia). Dizze fakken waarden op frijwol elke universiteit fan dy tiid jûn. Nij yn Leien wie lykwols de skermskoalle. It skermjen moast in presys wiskundich patroan folgje. Hjirút folge de oprjochting fan de 'nederdútske matematyk', it ienige fak yn de folkstaal. Dizze beide lêste fakken hienen benammen in militêre betsjutting en foldienen ûnder mear oan de behoefte fan prins Maurits oan kennis fan besjittingstechniken en fêstingbou yn ferbân mei de Tachtichjierrige Oarloch tsjin Spanje.
19e en 20e iuw
Oan de ein fan de njoggentjinde iuw waard de Leienske universiteit wer ien fan Jeropa's meast foaroansteande universiteiten. Yn 't earste universitêre legetemperatuerenlaboratorium fan 'e wrâld berikte heechlearaar Heike Kamerlingh Onnes in temperatuer fan mar ien graad boppe it absolute nulpunt (–273 graden Selsius). Yn 1908 slagge it him as earste om helium floeiber te meitsjen en hy ûntdekte boppedat it ferskynsel fan supergelieding yn metalen.
Op 26 novimber1940 hold de heechlearaar Rudolph Cleveringa, dekaan fan de juridyske fakulteit, in gloedfolle taspraak yn it Akademygebou om te protestearen tsjin it ûntslach fan de Joadske wurknimmers, wêrûnder de jurist Eduard Meijers, de lettere grûnlizzer fan it nije Boargerlik Wetboek. Om de taspraak te betinken organisearret de universiteit elk jier noch altyd de Cleveringawike, wêryn't oer de hiele wrâld lêzings hâlden wurde.
Ek staakten de studinten. De universiteit waard dêrnei troch de besetter sluten. In septimber 1945 waard hy wer iepene.
De Universiteit Leien hat in stevige ynternasjonale posysje ferwurven ûnder topûndersyksynstituten yn ferskeidene ûndersyksgebieten, wêrûnder de natuerwittenskippen, de genêskunde, de sosjale wittenskippen, de rjochtsgeleardheid en de letteren. Fan de 48 takende Spinozapreemjes, (de heechste Nederlânske wittenskiplike ûnderskieding) binne der njoggen takend oan heechleararen oan de Universiteit Leien: oan neerlandikus Frits van Oostrom, taalkundige Frits Kortlandt, wiskundige Hindrik Lenstra, natuerkundige Carlo Beenakker, stjerrekundige Ewine van Dishoeck, medysk biologe Els Goulmy, epidemiolooch Frits Rosendaal, pedagooch Rien van IJzendoorn en natuerkundige Jan Zaanen.
Neist de fakulteiten hat de universiteit ek it Sintrum foar Miljeuwittenskippen Leien (CML) en de Leien University School of Management.
Ek is der de Kampus Den Haach fan de Universiteit Leien dy't yn Den Haach sit. De Haach is it bestjoerlik en politike hert fan Nederlân en profilearret har ek as juridyske haadstêd fan de wrâld. Hjirtroch hat de universiteit yn 1999 besletten om in njonkenfêstiging op te rjochtsjen yn gearwurking mei dizze gemeente. Op de kampus biedt de Universiteit Leien bepaalde akademyske opliedingen oan op it mêd fan de rjochtsgeleardheid, politikology en bestjoerskunde.
Earedoktoraten
Jierliks wurdt by de fiering fan de dies natalis fan de universiteit, 8 febrewaris, in earedoktoraat útrikt. Neffens art. 49 fan it promoasjereglemint komme yn beneaming:
persoanen dy't ûndersyk ferrjochte hawwe dat foar wittenskipsbeoefening oan de universiteit of foar de wittenskip yn it algemien fan útsûnderlike betsjutting west ha;
persoanen dy't yn wittenskiplik, kultureel of maatskiplik opsicht wurksumheden ferrjochte ha wêrtroch't wittenskiplik ûnderwiis en ûndersyk op útsûnderlike wize befoardere binne;
by hege útsûndering en inkeld op foardracht fan de rektor magnifikus: persoanen dy't troch harren wurksumheden op útsûnderlike wize bydragen ha oan it heechhâlden fan it devys fan de universiteit Libertatis Praesidium.
Op dizze lêste grûn is oant no ta (2005) mar twa kear in earedoktoraat útrikt:
P.C. Molhuysen: Bronnen tot de geschiedenis der Leidsche Universiteit, 1574-1811. De Haach : Martinus Nijhoff. 7 dielen, 1910-1924.
Th.H. Lunsingh Scheurleer and G.H.M. Posthumus Meyjes (eds), Leiden University in the Seventeenth Century. An Exchange of Learning (Leien, 1975). ISBN 9004042679
Willem Otterspeer: Het bolwerk van de vrijheid : de Leidse universiteit, 1575-1672. Amsterdam : Utjouwerij Bert Bakker, 2000. ISBN 90-351-2240-2
Willem Otterspeer: De vesting van de macht : de Leidse Universiteit, 1673-1775. Amsterdam : Utjouwerij Bert Bakker, 2002. ISBN 90-351-2399-9
Willem Otterspeer: De werken van de wetenschap : de Leidse universiteit, 1776-1876. Amsterdam : Utjouwerij Bert Bakker, 2005. ISBN 90-351-2746-3
Willem Otterspeer: Het bolwerk van de vrijheid : de Leidse universiteit in heden en verleden. Leiden University Press, 2008. ISBN 9789087280246 (=koarte ferzje fan de dielen 1-3 plus de jierren 1877-2000)