|
|
|
De universiteitsgebouwen rjochtsûnder
|
Namme
|
Biedwurd |
Education For Life
|
Lokaasje
|
Lân |
Saba
|
Plak |
The Bottom
|
Oare bysûnderheden
|
Oprjochting |
1986
|
Presidint |
Joseph Chu
|
Tal studinten |
sa'n 500
|
Tal meiwurkers |
sa'n 30
|
Offisjele webside
|
www.saba.edu
|
De Saba University School of Medicine, of Universiteit fan Saba, is in medyske skoalle op it eilân Saba, dat ûnderdiel út makket fan de Nederlânske Antillen. Dizze skoalle liedt medyske dokters en oare medyske profesjonels op. De measte studinten komme út Noard-Amearika.
Skiednis
De universiteit begûn yn 1986 as in projekt tusken de oerheid fan Saba en in groep medyske masters út de Feriene Steaten. Dizze organisaasje hat inkele jierren bestege oan it sykjen fan in goed learplan yn de Feriene Steaten en Jeropa foardat der in kar makke waard. Uteinlik waard keazen foar in learplan dat him mjitte koe mei de besten op de wrâld.
Yn 1988 waard de skoalle goedkard troch de oerheid fan de Nederlânske Antillen. In offisjele fergunning waard yn 1989 ferliend.
Keppeling om utens