Hy waard yn Londen berne as soan fan Thomas Gatacre en Margaret Pigott fan Hertfordshire en gie nei it St. John's College yn Cambridge. Fan 1601 oant 1611 wie er dûmny fan de mienskip fan Lincoln's Inn, dêr't er mei ophâldde doe't er it predikantsplak fan Rotherhithe oannaam. Yn 1642 waard er keazen as lid fan de Synoade fan Westminster, en makke foar dizze Synoade kanttekeningen op de Bibelboeken Jesaja, Jeremia en de Klaailieten fan Jeremia.
Wurk
Wichtich wurk, útsein preken:
Of the Nature and Use of Lots (1619). It waard redigearre en fannijs útbrocht yn 2008 as The Nature and Uses of Lotteries.
Dissertatio de stylo Novi Testamenti (1648)
Cinnus, sive Adversaria miscellanea, in quibus Sacrae Scripturae primo, deinde aliorum scriptorum, locis aliquam multis lux redditur (1651), dêr't letter Adversaria Posthuma oan taheakke waard