Storm waard yn 1817 berne yn it NoardfryskeHüsem, oan 'e westkust fan Sleeswyk, dat (krekt as Holstein) doedestiden formeel noch in ûnôfhinklik hartochdom wie, dat yn in personele uny mei Denemark ferbûn wie (d.w.s. de Deenske kening wie ek hartoch fan Sleeswyk en Holstein). Syn heit wie de abbekaat Johann Casimir Storm (1790-1874) en syn mem de húsfrou Lucie Woldsen (1797-1879). Storm gie nei skoalle yn Hüsem en Lübeck, en studearre rjochten te Kiel en Berlyn. Wylst er noch studearre, publisearre er al syn earste dichtbondel, mei fersen fan himsels en fan 'e bruorren Tycho en Theodor Mommsen.
Storm kearde pas yn 1865 yn Sleeswyk werom, nei't dat by de Twadde Deensk-Dútske Oarloch ûnder in dield Prusysk-Eastenrykske besetting kommen wie. Hy waard doe in distriktsmagistraat (Landvogt) ûnder it nije bewâld. Yn 1880 sette er him nei wenjen yn Hademarschen, dat justjes mear it binnenlân yn leit (mar noch altyd yn Sleeswyk-Holstein), dêr't er him syn lêste jierren talei op syn skriuwwurk. Yn 1888 kaam er dêr yn 'e âlderdom fan santich jier te ferstjerren oan kanker. Storm wie twaris troud, earst mei Konstanze Esmarch, dy't yn 1864 stoar, en neitiid mei Dorothea Jensen.
Wurk
As auteur wie Storm wie ien fan 'e wichtichste fertsjintwurdigers fan it post-romantyskreälisme. Hy hat 50 novellen en in dichtbondel skreaun, mei dêryn ferskate bekend gedichten. Syn twa meast ferneamde wurken binne de novelleImmensee (1849) en syn masterwurk Der Schimmelreiter, skreaun yn syn lêste libbensjier 1888. Storm syn wurk kin sjoen wurde as foarútrinnend op 'e nije literêre streaming fan it naturalisme. Hy wurdt wurdearre om syn kombinearjen fan tagonklikens mei djipsinnigens yn syn wurk, dat de measte saneamde Heimatkeunst fan syn tiid te boppe giet.
Der Schimmelreiter
Der Schimmelreiter, dat yn Storm syn bertekrite yn Noard-Fryslân spilet en ek twaris yn it Westerlauwersk Frysk oerset is, ferhellet oer Hauke Haien, in boeresoan, dy't earder as alle oaren fan syn gealju begrypt hoe faai oft de seediken derhinne lizze. Troch ferstân en ambysje bringt Haien it ta dykgraaf. Yn dat amt set er it oanlizzen fan in nije polder mei sterkere diken troch. Hy kriget te meitsjen mei ûnbegryp en tsjinwurking. De striid dy't dêrút fuortkomt, is er mânskernôch foar, mar de see sels makket him úteinlings dochs noch lytsman. De tema's fan it boek binne: de striid tsjin it wetter en it konflikt tusken yndividu en mienskip.