Sawol de teapert as de Afrikaanske teapert hat in koarte snaffel, in swart-brúnboppeliif en in foar it meastepart blau-griisûnderliif. De teapert is in stik grutter as syn Afrikaanske wjergader. Oars as de measte ralfûgels binne teaperts bewenners fan drûch gerslân ynstee fan wetterrike gebieten. Beide soarten hawwe in karakteristike, lûde, kreakjende rop, dy't se ynsette om yn 'e briedtiid konkurrinten har territoarium út te bonsjoeren. Se binne foar it meastepart oerdeis aktyf, en as se fersteurd wurde, naaie se ornaris te foet út troch it lange gers of fleane se in lyts eintsje nei begroeiïng dy't har beskûl biedt.
De bried- en oerwinteringsgebieten lizze by beide soarten fier útinoar. De migraasje tusken dy kriten fynt nachts plak en it fermogen dêrta is oanberne en wurdt troch de piken net leard fan folwoeksen eksimplaren. De teapert briedt yn Jeropa en Sintraal-Aazje en oerwinteret yn East-Afrika en Súdlik Afrika, wylst de Afrikaanske teapert hinne en wer migrearret binnen Afrika. Hoewol't teaperts ûnbidich grutte ferspriedingsgebieten hawwe, binne se op guon plakken yn 'e tweintichste iuw yn 'e benearing kommen troch de meganisaasje en yntinsifearring fan 'e lânbou.