De Strjitte fan Juan de Fuca is noch altyd it ûnderwerp fan in grinsskeel tusken de Feriene Steaten en Kanada. Yn 'e seestrjitte sels rint de grins persiis troch de midden fan it wetter; dêr bestiet gjin ûnienichheid oer. It skeel giet oer it ferrin fan 'e seegrins bewesten de râne fan 'e seestrjitte, yn 'e Stille Oseaan, dêr't de territoriale wetters fan 'e beide lannen noch oant 320 km fan 'e kust ôf trochrinne. Beide lannen fine dat de grins dêr trochrinne moat op basis fan in gelikense ôfstân fan 'e beide kusten, krekt sa't dat yn 'e Strjitte fan Juan de Fuca ek it gefal is. Mar beide lannen brûke folslein ferskillende útgongspunten om dy 'gelikense ôfstân' te berekkenjen.
Dêropta hat it regear fan 'e Kanadeeske provinsjeBritsk-Kolumbia sawol it Amerikaanske foarstel as dat fan 'e Kanadeeske federale oerheid ôfwiisd, mei't it fynt dat de "foechsume geomorfyske en fysiogeografyske grins" de midden fan 'e ûnderseeske kleau wêze moat dy't út 'e Strjitte fan Juan de Fuca wei de Stille Oseaan ynrikt. De opfetting fan Britsk-Kolumbia wurdt ûnderstipe troch it prinsipe fan 'natuerlike prolongaasje', dat fêstlein is yn 'e ynternasjonale maritimewetjouwing. Dat stânpunt stelt de Kanadeeske federale oerheid foar in dilemma, mei't Kanada, as it yn 'e Strjitte fan Juan de Fuca fêsthâlde soe oan it prinsipe fan natuerlike prolongaasje, yn in oar grinsskeel mei de Feriene Steaten, yn 'e Golf fan Maine, syn eigen prosysje ûndergrave soe.