Stasjon Stasjon Saandyk-Saanske Skâns (Zzs) is in spoarweistasjon yn Saandyk en waard iepene yn 1869 oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal). Yn dit Noard-Hollânske doarp is yn 1976 it tredde stasjonsgebou sûnt 1867 iepene.
Gebou
It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 novimber 1869 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand.
Yn 1930 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt H.G.J. Schelling. In strak en asymmetrysk stasjonsgebou, mei in heech haadgebou en twa lege wjukken dy't ferskille yn lingte en hichte.
It stasjonsgebou út 1930 waard yn 1976 ôfbrutsen, en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. It waard in ienfâldich gebou op it middenperron. It perron en gebou binne berikber fia in tunnel, yn 2014 waarden der liften op it stasjon boud sadat it stasjon ek tagonklik waard foar reizgers mei in rolstoel.
Namme
Oant 2016 hjitte it stasjon "Koog-Saandyk". Yn 2010 fersocht de gemeente Saanstêd de NS om dizze namme en fan dy fan stasjon "Koog Bloemwijk" (tsjintwurdich Koog aan de Zaan) te feroarjen. Dizze nammen soene betiizjend wêze foar toeristen en reizgers dy't net bekend binne mei de regio. Toeristen dy't de Saanske Skâns besykje wolle, soene har maklik yn 'e twa stasjons fersinne kinne. Dit fersyk waard doetiids ôfwiisd. Yn 2014 die de gemeente op 'e nij in fersyk. Uteinlik stimde de NS yn july 2016 yn, en fiert sûnt de tsjinstregeling fan 2017 de nije nammen.[1]
Treinferbinings
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ Boarnen sjoch Wikipedy nl
|