Stasjon Reuver (Rv) is in stasjon yn de Nederlânske doarp Reuver yn de provinsje Limburch. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is en ien fan de njoggen stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.
Gebou
It stasjonsgebou kaam yn 1863 ree, en waard iepene op 21 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline E oanlein wie. Yn 1911 waard de linker fleugel twa kear sa grut makke, dizze ferbouwing is yn 1995 by in restauraasje fan it stasjon wer ûngedien makke. Yn 2006 ferkocht de NS it stasjonsgebou oan it sakenman, dy't it stasjon yn 2008 ferboude oan de rjochterkant kaam der in glêzen treppehûs. It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Arriva en is yn gebrûk as ytgelegenheid.
Treinferbinings
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|