It oarspronklike stasjonsgebou wie in hiel lyts stiennen wachthokje mei puntdak. Yn 1895 waard it gebouke fergrutte. Oan beide siden kamen identike geboukes dy't grutter wiene as it besteande hokje.
Yn 1909 waarden dy geboukes ferfongen troch in grutter stasjonsgebou, in leech asymmetryske gebou mei neist in pear romten foar de stasjonstsjinst ek in tsjinstwenning. De yngong oan it stasjonspleintsje wie aksintuearre mei in puntgevel. De wenning wie oan de rjochterkant fan it gebou en wie heaks op de rest fan it gebou pleatst.
Yn 1972 naam NS goed in kilometer westlik fan it stasjon in nij stasjon Maarn yn gebrûk. It stasjon ferfong net allinnich it âlde stasjon, mar yndirekt ek it stasjon fan Maarsbergen dat hast trije kilometer eastliker lei. It âlde stasjonsgebou bleau yn gebrûk as wenhûs. Yn it part dêr't ea de stasjonsfunksjes sieten, wie earst noch in skoft de Spoarweiplysje fêstige.
It nije stasjon krige gjin stasjonsgebou. It stasjon hat in abry, in iepen fytsestalling mei fytsklûzen, in pear parkearplakken. Yn 2015 binne der liften by it stasjon boud om it stasjon tagonklik te meitsjen foar reizgers mei in rolstoel.[1][2]
Yn de buert fan it âlde stasjon is noch hieltyd in lyts stasjonsgebiet foar frachtferfier. Fan it wiidweidige rangearterrein dat fan 1901 oant begjin jierren'30 foar it stasjon oer lei, restearje nei de oanlis fan de A12 noch in pear spoaren. Oan de oare kant fan de sneldyk binne yn natuergebiet De Zanderij noch restanten fan twa draaiskiven.