It oarspronklike stasjonsgebou fan Driebergen-Seist waard iepene yn 1864, tweintich jier nei iepeing fan it stasjon. In relatyf lang en leech rjochthoekige gebou mei stasjonsfoarsjenningen en in wenning. Oan de spoarkant lâns it gebou wie in houten kape boppe it perron makke. It stasjonsgebou waard sûnt de iepening meardere kearen ferboud. Yn 1899 kaam der oan de linkerkant in ekstra ferdjipping by, Ek de gevel fan de ûnderste ferdjipping is by dizze ferbouwing oanpast. Yn 1900 komt njonken stasjonsgebou in nije útgong. It sierlik útfierde poartegebou hat oan elke kant in húske. It eilânperron krijt in stielen perronkape. Tusken it stasjonsgebou en it eilânperron komt in brêge.
Yn 1962 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, ûntwurpen troch de arsjitekten M.W. Markenhof & Koen van der Gaast. In leech gebou dat benammen út gielgrize bakstien bestie, mei in soad houten betimmeringen en daklizzers. It gebou hie in ranke klokketoer mei NS-logo. De brêge hie al earder plakmakke foar in tunnel, en de perronoerkaping út 1864 is bewarre bleaun.
It stasjonsgebou út 1962 waard yn febrewaris 2017 sloopt om plak te meitsjen foar in ekstra spoar en in bredere eilânperron. It stasjonsgebiet waard ferdjippe oanlein ûnder it eilânperron. Hjir binne hjoed-de-dei ek de stasjonsfoarsjenningen te finen. De perronkape út 1864 is by de nijbou yntegrearre yn de nije kap. It nije stasjonsgebou kaam yn 2020 ree.