Lang is it stasjon net brûkt, want op 1 desimber1940 waard it al sletten foar reizgersferkear. Dêrnei waard it stasjon oant 1973 brûkt as frachtstasjon; yn dat jier waard it baanfek Holwert - Dokkum sletten om yn 1978 ôfbrutsen te wurden. Yn 1936 waard de ferbining nei Eanjum ta trouwens al opheft. Yn 1974 waard ek it stasjonsgebou sloopt.
It stasjon lei 200 meter beëasten it plak dêr't no it busstasjon stiet. In tal strjitten dêr yn de buert ferwize noch nei it stasjon sa as de Stasjonswei, Stasjonsstrjitte en By 't Stasjon.