It oarspronklike spoarweistasjon fan Culemborg wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Houten, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode en Gerrit van Diesen It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 1974.
It stasjon waard ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It stasjonsgebou bestiet út twa ferdjippings ien op strjittenivo en ien op perronnivo. Under is in stasjonsrestauraasje en boppe yn de eardere stasjonsrestauraasje is yn 2014 de streekomrop SRC (Stads Radio Culemborg) ynlutsen. Yn 2011 waarden der liften boud om it stasjon wer tagonkelik te meitsjen foar reizgers mei in rolstoel. Earder wiene de perrons berikber mei in hellingbaan mar die moast wike foar in fergrutting fan de fytsenstalling.