It oarspronklike spoarweistasjon fan Bad Nijeskâns wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw. It wie ien fan de tsien stasjons dy 't ea yn dy klasse boud waard. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It gebou yn Bad Nijeskâns wie grutter as de oare tolve stasjons fan de searje om 't hjir in grut gebou mei dûanefasiliteiten njonken it eigentlike stasjon siet.
It stasjon waard yn 1973 ôfbrútsen, mar der kaam net in nij stasjonsgebou foar werom, alline in tal abry's.