Stasjon Hegesân-Sappemeer (Hgz) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Hegesân yn de provinsje Grinslân. It stasjon waard iepene yn 1868 oan de Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns).
Gebou
It oarspronklike spoarweistasjon fan Hegesân-Sappemeer wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw. It wie ien fan de tsien stasjons dy 't ea yn dy klasse boud waard. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode.
It stasjon waard yn 1989 ôfbrútsen en ferfongen troch in stasjonsgebou ûntwurpen troch arsjitekt Rob Steenhuis. Nei sluting fan it loket hat de NS it gebou noch in skoft oan ferskate bedriuwen ferhierd. Tsjintwurdich stiet it slim fertutearze gebou leech.
Treinferbinings
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|