Yn 2002 waard by gelegenheid fan it 250 jierrich jubileum yn twa finsters brânskildere glês oanbrocht. Yn 2007 waard it houten tuorke restaurearre. By dat wurk waard ûntdutsen dat it hout fan 'e hiele tsjerke troch houtwjirm en de hûsboktor oanfretten wie. Foar de restauraasje waard troch de gemeente It Hearrenfean ekstra jild beskikber steld.
Oargel
Yn 'e tsjerke stiet in oargel fan Willem Hardorff, dat yn 1871 boud is.