Sint-Anne of St.-Anne (Frysk en Biltsk) is in doarp dat yn de gemeenteDe Waadhoeke leit. Sint-Anne leit noardlik fan Berltsum, eastlik fan Sint-Jabik, westlik fan Froubuorren en besuden Nij Altena. De doarpskearn leit om de krúsing fan de Steatenwei, Steedhâlderswei, Van Harenstrjitte en Warmoesstrjitte.
Sint-Anne waard stifte doe't It Bilt yn 1505 bedike waard. De earste namme dy't it doarp krige fan de earste bewenners wie "Altoenae", ferneamd nei it plak dêr't de nije bewenners wei kamen. It buorskip Nij Altoenea benoarden Sint-Anne referearret noch oan de oarspronklik brûkte namme fan it haaddoarp. Altoenea foarme mei de doarpen der omhinne katolikeparochy's, wêrtroch't de nammen dêrfan al gau oergienen op de doarpen. "Altoenea" is úteinlik ferneamd nei de hillige Anna, de mem fan Marije en krige de namme "Sint-Annaparochy".
It doarp krige in houten tsjerke mei in tek fan strie. It bisdom wegere fanwege de brekfalligens fan it gebou de tsjerke yn te wijen en it houten gebou waard ferfongen troch in tsjerke dy't nei alle gedachten de foarm hie fan in gryksk krús. Yn dy tsjerke troude Rembrandt van Rijn yn 1634 mei Saakje fan Uylenburg. As oantinken dêroan stiet by de tsjerke in brûnzen byld.
Yn 1682 waard de foargonger ferfongen troch in achthoekige tsjerke, de Van Harenstsjerke. Efter de tsjerke slút de grêfkapel (1688) fan de famylje Van Haren oan. De koperen doarren nei de grêfkapel binne in geskink fan de Sweedske kening Karel X Gustaaf. De yn 1700 setten, ryk fersierde preekstoel fan houtsnijwurk komt út Dútslân.
It multyfunksjoneel sintrum fan Sint-Anne hjit 'Ons Huis'. De doarpskrante hjit 'De Pot en Pan van Sint-An'. Sûnt 2017 wurdt alle jierren op in sneon yn septimber yn it doarpssintrum fan Sint-Anne it muzykfestivalWaadrock holden. De Biltske Slach is it sportsintrum fan Sint-Anne. Ynwenners fan Sint-Anne wurdt tradisjoneel foar rapekoppen útmakke.[3]
It rymke ""Een pot en een pan is het wapen van Sint-An" hat de basis west fan it doarpswapen. Ek waard it famyljewapen fan Van Haren, de eardere grytman deryn ferwurke.