Vicious wie net te betraapjen op muzikaal talint. Hy stie bekend fanwege de gaos dy't er op it poadium feroarsake, earst as fan en letter as bassist fan de The Sex Pistols.
Sid Vicious:
Undermine their pompous authority, reject their moral standards, make Anarchy and disorder your trademarks, cause as much chaos and disruption as possible but don’t let them take you alive.
Nei it út elkoar fallen fan The Sex Pistols begûn de ûndertusken swier ferslave Sid Vicious in solokariêre dy't nei Parys en New York brocht. Yn New York sette er him ta wenjen mei syn ek ferslave freondinne Nancy Spungen. Op in moarn waard sy deastutsen fûn in de keamer yn bywêzen fan Vicious. Hy waard opppakt en fêstsetten. It die bliken dat er safolle drugs hân hie dat er him net mear yn it sin bringe koe wat der him de jûns dêrfoar ôfspile hie.
Hy waard op boarchtocht frijlitten, mar troch in rûzje mei de freon fan Patty Smith waard er wer oppakt.
Nei syn frijlitting waard in feest hâlden, organisearre troch syn mem yn de flat fan syn nije freondinne. De oare moarns, 2 febrewaris1979 waard Sid Vicioius dêr dea oantroffen. Hy wie oan syn ein kommen troch in oerdoazes heroïne. It ûndersyk nei de dea fan Nancy Spungen waard stop setten en har dea is dus nea offisjeel oplost.
Diskografy
Sid Vicious
My Way/Something Else/C’mon Everybody (1979, 12”, Barclay, Barclay 740 509)
Sid Sings (1979, LP, Virgin, V2144)
Live (1980, LP, Creative Industry Inc., JSR 21)
Vicious Burger (1980, LP, UD-6535, VD 6336)
Love Kills N.Y.C. (1985, LP, Konexion, KOMA 788020)
The Sid Vicious Experience – Jack Boots and Dirty Looks (1986, LP, Antler 37)
The Idols With Sid Vicious (1993, CD, Last Call Records, LC22289)
Never Mind the Reunion Here’s Sid Vicious (1997, CD)