Sicco Douwe van Aylva folge in militêre oplieding en wie luitenant yn it Steatkse leger[3]. Op 3 maaie 1780 folge hy Eyso de Wendt – in fortúnlike frijfeint weromkommen út de East en in oanhinger fan de Fan Aylva's - op as grytman fan Westdongeradiel.[4] Van Aylva wie in steatsgesind steatsman en wie foarstanner fan de beheining fan de macht fan de erfsteedhâlder yn Fryslân. As sadanich jildt hy as in "foarstanner fan de Fryske frijheid".[4]Court Lambertus fan Beyma, ien fan de foaroanmannen fan de Fryske patriotten, wie de sekretaris fan de gritenij. Yn 1784 waard hy kolonel fan it frijkorps yn Ljouwert. Yn 1787 stipe er de opstannige Frjentsjerter Steaten.[5] en wykte út mei syn broer nei Bremen ta. Syn graasjefersyk oan de prins waard ôfwiisd. Earst yn 1788 kaam hy nei Frankryk dêr't er him by oare Fryske ballingen foege. It kaam hast ta in duel mei Daendels.[6] Hy is skildere troch Peter Groenia. Syn offisjele ôfsetting as grytman wie yn 1789, doe’t hy opfolge waard troch Pieter Edzard baron van Harinxma thoe Slooten, ynearsten in patriot, mar yn septimber 1787 oerrûn nei de steedhâlderlike partij.[4]
Under keningLoadewyk Napoleon (1806-1810) wie Van Aylva fan 1806 oant syn ferstjerren lid fan it departemintaal bestjoer fan Fryslân.[4] Sicco Douwe van Aylva ferstoar op 72-jierige leeftiid, op 1 april1807 yn Holwert.