Oan it begjin fan 'e achttjinde iuw moasten de Spanjerts harren besykjen ta kolonisaasje opjaan ûnder druk fan militêre oanfallen troch kolonisten fan 'e Britskekoloanje Súd-Karolina. De eilannen dy't no by de Amerikaanske steat Súd-Karolina hearre, ferkearden doe al stevich yn 'e hannen fan 'e Britten, en neitiid wreiden dy harren macht út oer de eilannen yn Georgia, dat yn 1732 in nije Britske koloanje waard. Yn 1763 moast Spanje nei syn nederlaach yn 'e Sânjierrige Oarloch ek Floarida oan 'e Britten ôfstean, mar yn 1783 waard de ûnôfhinklikheid fan 'e Feriene Steaten fêstlein by de Frede fan Parys, dy't in ein makke oan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Súd-Karolina en Georgia kamen doe ta dat nije lân te hearren, wylst Floarida wer ûnder Spaansk bestjoer kaam, oant de Feriene Steaten dat gebiet yn 1821 by it Adams-Onis Ferdrach fan Spanje opkochten.
Nei't Georgia en noardlik Floarida yn 'e rin fan 'e achttjinde iuwkolonisearre wiene, ymportearrenblankeplantaazje-eignersslaven út Afrika wei om it lânwurk te dwaan. Op 'e plantaazjes op 'e See-eilannen waard benammen katoen, rys en indigo ferboud, dat de blanke eigners tige ryk makke. Fanwegen it risiko op it oprinnen fan malaria, dat yn it sompigeleechlân fan 'e kust alhiel net tinkbyldich wie, libben de plantaazje-eigners oer it algemien op it fêstelân, en wurken de slaven ûnder lieding fan in opsjenner en dy syn assistinten. Trochdat de slaven mar amper kontakt hiene mei blanken of mei harren lotgenoaten op it fêstelân, ûntjoech him mank harren in dúdlik ôfwikende, See-eilânkreoalskekultuer mei eigen syd en plige en in eigen taal.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) waarden de See-eilannen al ier beset troch de Noardlikemarine, wêrnei't der Noardlike troepen legere waarden. De blanken flechten nei it fêstelân ta, en lieten yn 'e measte gefallen harren slaven efter. Sadwaande begûnen dy ûnder de Boargeroarloch foar it earst foar harsels te soargjen, wêrby't it goed útkaam dat se al yn gearhingjende mienskippen libben. De plantaazjes waarden ûnder de Boargeroarloch eksploitearre troch it Amerikaanske Leger. Doe't presidintAbraham Lincoln op 1 jannewaris1863 de slavernij yn 'e hiele Feriene Steaten foar ôfskaft ferklearre, wûnen de likernôch 5.000 slaven op 'e troch it Noarden besette See-eilannen harren frijheid.
Hoewol't de befrijde slaven hope hiene dat de plantaazjes ûnder harren ferdield wurde soene, waarden dy nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch oer it algemien weromjûn oan 'e oarspronklike eigners. Nettsjinsteande dat wiene de mienskipsbannen sa sterk dat de measte befrijde swarten dochs op 'e eilannen wenjen bleaune en harsels dêr ûnderholden as gerniers, pachtboeren of (betelle) fjildarbeiders op 'e plantaazjes. Yn 1893 waard der op 'e eilannen slimme skea oanrjochte troch de See-eilânske Orkaan. Yn 'e 1950-er en 1960-er wie de Amerikaanske boargerrjochtebeweging, dy't stried foar lykberjochtiging fan 'e swarten yn it Amerikaanske Suden, ek op 'e See-eilannen tige aktyf. In promininte pleatslike boargerrjochtelieder út dy snuorje wie Esau Jenkins.