De namme 'Salisjaansk' is ûntliend oan Séliš, it endonym fan 'e Plathollen (Flathead), in Salisjaansk folk út westlik Montana. Yn it Ingelsk wurde de termen Salishan en Salish yn sawol taalkundige as etnografyskepublikaasjes trochinoar brûkt. Dat is lykwols eins net korrekt en wurket ek betiizjend foar net-ynwijden, mei't de term Salish eins in Ingelske ferbastering is fan Séliš, en dêrmei in synonym is foar 'Plathollen'.
Fan 'e 23 troch taalkundigen erkende Salisjaanske talen binne anno 2018 10 útstoarn. De restearjende 13 wurde allegearre slim yn harren fuortbestean bedrige, mei lytse groepkes memmetaalsprekkers (yn trije gefallen minder as tsien), dy't foar it meastepart sechstich jier of âlder binne. De grutste taal fan 'e famylje, wat oantal sprekkers oangiet, is it Okanagan, mei yn 2014 590 sprekkers. Yn totaal wurde de Salisjaanske talen noch sprutsen troch sa'n 2.260 lju op in etnyskebefolking fan krapoan 112.000 minsken. Omrekkene yn persintaazjes komt dat del op 2,02%.
Taalkundige skaaimerken
De Salisjaanske talen wurde taalkundich karakterisearre troch ferskate skaaimerken. Ien fan 'e opfallendste is agglutinaasje, in proses wêrby't ideeën dy't yn bgl. it Frysk werjûn wurde yn bywurden, foarnamwurden en eigenskipswurden, yn ien wurd opnommen wurde troch tafoeging fan foar-, tusken- en/of efterheaksels. In oar skaaimerk fan 'e measte Salisjaanske talen is in post-felêrefokaalharmony, wêrby't guon fokalen fan klank feroarje omreden fan beynfloeding troch in oare fokaal yn itselde wurd.
Wat ek in protte yn 'e Salisjaanske talen foarkomt, binne syllabyske konsonanten, oftewol konsonanten dy't op harsels (dus sûnder tafoeging fan in fokaal) in wurdlid (syllabe) foarmje. In ekstreem foarbyld dêrfan is it Bella Kûla-wurd xłp̓x̣ʷłtłpłłskʷc̓ (IPA: [xɬpʼχʷɬtʰɬpʰɬːskʷʰt͡sʼ], likernôch: "chtlpchwtlthtlskwhus"), mei de betsjutting "hy hie in kornelleplant [yn syn besit] hân", dat trettjin obstruïntyske konsonanten op in rige hat, sûnder ek mar ien fonetyske of fonemyske fokaal.
Ek kenne Salisjaanske talen it ferskynsel glottalisearring fan beskate konsonanten, wêrby't de útspraak fan foar yn 'e mûle ferskoot nei efter yn 'e kiel. Guon taalkundigen beskôgje de Salisjaanske talen, yn 'e mande mei de Wakasjaanske talen en de no útstoarne Tsjimakûaanske talen, as talen dy't gjin tiidwurden hawwe, mar dat is in omstriden teory, mei't der neffens oare saakkundigen wol deeglik wurdfoarmen yn dy talen foarkomme dy't as tiidwurd fungearje.
(De list fan talen hjirûnder is gearstald op poer taalkundige grûnen, en hâldt gjin rekken mei etnyske of politike skiedslinen tusken de ûnderskate Salisjaanske groepen.)