De Rynprovinsje (Dútsk: Rheinprovinz), ek wol Rynprusen (Rheinpreußen) neamd, wie de meast westlike provinsje fan Prusen en bestie fan 22 juny1822 oant 23 augustus1946.
De haadstêd fan de Rynprovinsje wie Koblenz en hie yn 1939 likernôch 8 miljoen ynwenners.
De lytse eksklave Wetzlar, dy't ynsletten tusken Hessen-Nassau en Hessen-Darmstadt lei, wie ek part fan de Rynprovinsje. It foarstedom Birkenfeld wie dêrfoaroer wer in enklave yn 'e Rynprovinsje fan it gruthartochdom, letter frijsteat Aldenburch. De provinsje Hohenzollern wie in eksklave yn wat hjoed-de-dei Baden-Wuertemberch is en foel formeel ûnder de Rynprovinsje, mar wie winliken in eigen Prusyske provinsje.
Yn 1911 bedroech it totale oerflak fan 'e provinsje 24.477 km², mei in lingte fan noard nei súd fan krapoan 200 km. Op syn breedst wie de provinsje 90 km. De provinsje befette likernôch 200 km fan de rin fan de Ryn, dy't tusken Bingen am Rhein en Koblenz de eastgrins foarme. Fierder rint de Ryn yn noardwestlike rjochting troch de provinsje hinne, dêr't er parallel mei de eastgrins mei rint. De provinsje is hjoed-de-dei part fan de Dútske dielsteaten Noardryn-Westfalen, Rynlân-Palts, Hessen en Saarlân.
De provinsje ferskilde in bot fan de rest fan it benammen agraryske en hierargyske Prusen yn de sin dat er ekonomysk tige modern wie mei in selsbewuste boargerij dy't boppedat foar it grutste part Roomsk-katolyk wie, wylst de rest fan Prusen foar it grutste part protestantsk wie.
Yn 1834 waard de provinsje útwreide mei it foarstedom Lichtenberg dy't fan Saksen-Coburg en Gotha kocht waard. Nei it ynliven fan de foarstedommen Hohenzollern-Simaringen en Hohenzollern-Hechingen kaam yn 1850 it dêr út gearstalde distrikt Sigmaringen by de Rynprovinsje, dat útsein op militêr mêd alle foech fan in eigen provinsje hie. In tredde útwreiding kaam der yn 1937 mei de Grut-Hamburchwet (Groß-Hamburg-Gesetz) doe't it distrikt Birkenfeld, dat earder in eksklave fan Aldenburch wie, nei Prusen ta gie.
Nei de Earste Wrâldkriich waard de provinsje troch alliearde troepen beset. Neffens it Ferdrach fan Versailles moast it Rynlân in demilitarisearre sône wurde dy't as buffer tusken Dútslân oan ien kant en Frankryk, Lúksemboarch en Belgje oan oare kant tsjinje moast. Yn 1920 waard it Saarlân mei in mandaat fan de Folkebûn foar 15 jier ûnder Frânsk bestjoer steld en waarden de distrikten Eupen en Malmedy troch Belgje anneksearre.
Adolf Hitler begûn yn 1936 mei it fannijs militarisearjen fan it Rynlân, dêr't de alliearden, hoeden foar in konflikt mei Dútslân, it mar by gewurde lieten. Fan 1940 oant 1945, yn de Twadde Wrâldkriich, waarden de distrikten Eupen en Malmedy fannijs by de Rynprovinsje foege. Nei de kapitulaasje fan Nazy-Dútslân yn 1945 waard it lân, neffens de Ferklearring fan Berlyn troch de fjouwer alliearde grutmachten yn besettingssônes ferparte.
De Rynprovinsje waard op 5 juny 1945 opheft en de noardlike helte, besteande út de distrikten Aken, Düsseldorf en Keulen, waard de provinsje Noard-Rynlân foarme dy't yn de Britske besettingssône lei. It súdlike part fan de provinsje, besteande út de distrikten Koblenz en Trier, foel ûnder de Frânske besettingssône. Yn 1946 waarden de Prusyske provinsjes opheft en waard it Noard-Rynlân mei de eardere provinsje Westfalen gearfoege ta de dielsteat Noardryn-Westfalen. It Súd-Rynlân waard mei de Beierske Palts, Rynhessen en parten fan Hessen-Nassau feriene ta de dielsteat Rynlân-Palts. Prusen waard op 25 febrewaris1947offisjeel opheft.
Yn Noardryn-Westfalen hat it Landschaftsverband Rheinland (LVR), dat yn 1953 as in regionaal orgaan oprjochte waard, hat hjoed-de-dei noch in redlik grut bestjoerlik foech en kin sjoen wurde as de fuortsetter fan it bestjoer fan de Rynprovinsje. Der is gjin susterorganisaasje yn Rynlân-Palts en it Saarlân.
Demografy
De befolking fan de Rynprovinsje wie yn 1905 6.435.778, dêr't 4.472.058 Roomsk-katoliken, 1.877.582 protestanten en 55.408 Joaden fan wiene. De lofterouwer wie foar it grutste part katolyk, wylst de rjochterouwer likernôh de helte fan de befolking protestantsk wie. It fierwei grutste part wiene etnyske Dútsers, wylst yn it noarden fan de Nederryn guon stêden en doarpen mear op Nederlân rjochte wiene. Oan de westlike en súdlike grinzen, benammen yn it Saarlân, wiene lytse Frânsktalige meinskippen, wylst it yndustriële Ruhrgebiet in soad Poalske migranten út de eastlike parten fan it Dútske Ryk húsmanne.
De Rynprovinsje wie it meast tichtbefolke gebiet fan Prusen, mei yn 1939 323 ynwenners de km². De provinsje befette de mear grutte stêden as de oare provinsjes fan Prusen. Likernôh de helte fan de befolking libbe fan de yndustriële en kommersjele sektors en mar krapoan in fearns part fan de befolking libbe fan de lânbou, en benammen fan de wynbou. De Universiteit fan Bonn wie it grutste ûnderrjochtsynstitút..