Charles Patrick Ryan O'Neal, (Los Angeles, 20 april 1941 - Santa Monica 8 desimber 2023) wie in Amerikaansk film- en telefyzjeakteur.
Karriêre
FFoar syn rol yn Love Story krige er in Oscarnominaasje foar bêste akteur. Hy is fierder te sjen yn Paper Moon (tegearre mei syn dochter, Oscarwinneres Tatum O'Neal), Barry Lyndon fan regisseur Stanley Kubrick en it ferfolch op Love Story, Oliver's Story. Yn 2021 krigen O'Neal en syn tsjinspylster út Love Story yn in firtuele dûbelseremoanje in stjer op de Hollywood Walk of Fame.
O'Neal spile yn in tal films fan regisseur Peter Bogdanovich en wie yn 1972 de op ien nei meast winstjaande filmstjer. Njonken films is hy ek yn inkelde telefyzjesearjes te sjen. Hy is by it grutte publyk benammen bekend wurden troch syn rol as 'Rodney Harrington' yn de soap Peyton Place. Dêrneist is hy ek te sjen as 'Max Keenan' yn de searje Bones.
Grutte bekendheid krige er ek troch syn rol fan de Amerikaanske generaal Gavin yn Richard Attenboroughs film A Bridge Too Far oer de Slach om Arnhim. De film waard fan maaie oant en mei augustus 1976 op lokaasjes yn ûnder oare Gelderlân en Dimter opnaam.
Priveelibben
Ryan O'Neal wie de soan fan de Iersk-Amerikaanske Hollywoodfilmsenarioskriuwer Charles O'Neal en fan aktrise Patricia O'Callaghan.
O'Neal wie fan 1963 oant 1966 troud mei aktrise Joanna Moore en fan 1967 oant 1974 mei aktrise Leigh Taylor-Young. Ut it earste houlik krige er dochter Tatum O'Neal en soan Griffin O'Neal, dy't ek beide akteurs wurde soene. Ut syn twadde houlik hie er in soan. Fan 1979 oant 1997 en fan 2001 oant har ferstjerren yn 2009 wie er mei Farrah Fawcett. Tegearre krigen sy in soan.
Yn 2001 waard by him in foarm fan leukemy fêststeld. Yn 2012 krige hy de diagnoaze prostaatkanker. Ryan O'Neal ferstoar op 8 desimber 2023, yn 'e aldens fan 83 jier.
Filmografy
Films
Telefyzje
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|