ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%)
Roastbrún is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It kin omskreaun wurde as in oranjige kleur readbrún. Roastbrún komt oan syn namme trochdat it liket op 'e kleur fan roast.
Etymology
Roastbrún is neamd nei it ferskynsel roast, oftewol izer dat oksidearret. As wurd giet 'roast' tebek op it Oergermaanskerusta, dat eins "readens" betsjutte. It is ek nau besibbe oan it wurd 'rodzich', dat in soartgelikense tint omskriuwt, mar ornaris ferwiisd nei hierkleur of hûdskleur.
Foarkommen
Roastbrún is in kleur dy't in protte brûkt wurdt yn 'e teäterbeljochting. As se oer in standert wolframljochtboarne hinne holden wurde, jouwe filters yn dizze kleur rûchwei in selde tint ljocht út as de dûnkere-keamerlampen dy't foarhinne yn 'e fotografy brûkt waarden. Roastbrún is nûmer 777 yn it Lee Filters-staalboek.