Dêr binne twa universiteiten, in Frânsktalige (1971) en in Arabysktalige (1991) en skoallen foar administratyf ûnderwiis en de oplieding ta bistedokter.
De stêd hat in ynternasjonale lofthaven. N'Djamena is it eastlik einpunt fan de Trans-Saheliaanske Hearrewei, en is mei East-Afrika ferbûn troch de Ndjamena-Dzjibûty Hearrewei. De grutte dyk fan Tripoly nei Kaapstêd rint ek troch N'Djamena, sadat it in ferkearsknooppunt fan belang is yn Sintraal-Afrika. De rivieren Chari en Logone, eartiids de wichtichste ferbining nei bûten ta, hawwe net folle mear te betsjutten foar hannel en ferkear.
De stêd waard yn 1900 troch de Frânsken stifte ûnder de namme Fort Lamy, neamd nei de Frânske legeroanfierder François Joseph Lamy dy't dêr dat jier krekt sneuvele wie.
Foto's N'Djamena
De foto's binne nei alle gedachten út 1960-69, Fort Lamy