Tripoly (Arabysk: طرابلس Ṭarābulus) is de haadstêd en grutste stêd fan Lybje. It plak leit yn it noardwesten fan it lân, by in oaze oan de Middellânske See. It stedsgebiet rint sa'n 40 km de kust bydel en de djipte fan de bebouwing is trjie oan tsien kilometer.
Yn de Romeinske tiid waard de stêd Tripolitania neamd.
Klimaat
Tripoly leit yn in subtropyske sône, hat in mediteraan klimaat. De trochsneed jiertemperatuer is 20,5 gr C, de jierlikse delslach is trochstrings 334 mm.
Augustus is mei 27.7 gr. C de waarmste moanne; jannewaris is mei in trochsneed temperatuer fan sa'n 13 graden de kâldste.
De measte delslach falt yn desimber, 67,5 mm. Tusken juny en augustus bliuwt it yn it generaal drûch.
Befolkingsûntjouwing
De hurde befolkingsgroei sûnt 1970 is mei it gefolch fan de ynliving fan oanswettende gemeenten.
Jier
Ynwennertal
1890
40.000
1905
30.000
1911
29.800
1915
50.000
1929
65.900
1931
74.700
1936
98.900
1938
108.200
Jier
Ynwennertal
1954
129.700
1960
183.500
1964
212.600
1970
264.000
1973
481.295
1978
550.400
1984
591.062
2005
1.150.990
2007
1.780.000
Ekonomy
De grutste stêd fan lybje hat in grutte haven ta foldwaan en is it grutste sintrum fan hannel en yndustry. Tripoly produsearret fiedingsmiddele, tekstyl, klean en tabaksprodukten. De ynternasjonale lofthaven leit 34 kilometer súdlik fan it sintrum. De lofthaven ferwurke yn 2007 1,5 miljoen passazjiers en nei de oanlis fan twa nije terminals sil de kapasiteit útwreide wêze ta 20 miljoen passzjiers it jier.
In wichtige wurkjouwer yn de stêd wie altyd de Daewoo Motor Company. Nei't dy it fabryk sletten hie, hat de Italjaanske ûndernimming Tesco Ts besocht de autoyndustry nij libben yn te blazen mei de searjeproduksje fan de Saroukh el-Jamahiriya. Yn de sakeweinsektor is de Trucks and Bus Company warber yn Tripoly. Dy ûndernimming is merklieder yn it lân en no in wichtige wurkferskaffer foar de regio.
Underwiis
Yn Tripoly sit de Al-Fatih-Universiteit, in Hegeskoalle foar Keunsten, in hegeskoalle foar elektrotechnyk, in technyske hegeskoalle en in hegeskoalle foar telekommunikaasje.
Fierders hat de stêd it Nasjonaal argyf, mei in grutte samling dokuminten oer de skiednis fan Tripoly, en de Oerheidsbibleteek.
It besjen wurdich
De medina, mei in muorre rûnom, is it âldste part fan Tripoly en bestiet meast út iuwenâlde huzen, moskeeën en paleizen. De medina is tagonklik troch trije poarten yn de stedsmuorre, de Bab Zanata yn it westen, de Bab Hawara yn it súdeasten en de Bab Al-Bahr yn it noarden. Súdeastlik fan de medina, oan it Griene Plein, stiet de Assaraya al-Hamra (it Reade Kastiel), in fersterke paleis mei ferskate binnenplakken dêr't tsjintwurdich in museum húsmannet. De medina hat ek in triomfbôge fan Markus Aurelius út de 2e iuw.