It museum hat in aparte ûntsteansskiednis. It komt fuort út de winsk fan trije manlju: Thom Mercuur en de keunstners Boele Bregman en Sjoerd de Vries. Benammen Thom Mercuur dreamde al in hiel skoft oer it opsetten fan in eigen museum, in grutte 'kykkast' foar keunst.
Nei in soad tsjinslach is it him slagge en ferwêzenlikje syn museum. It museum, dat 104 meter lang is en 13 meter breed, leit middenyn it lânskip It Oranjewâld. It is ûntwurpen troch Eerde Schippers. Op 24 novimber2004 waard it museum en de bûtenpleats iepene troch keninginne Beatrix.