Michail Joerjevitsj Lermontov (Russysk: Михаил Юрьевич Лермонтов) (Moskou, 15 oktober1814 - Pjatigorsk, 27 july1841) wie in Russyskeskriuwer, dichter en amateur-keunstskilder. Hy wurdt ek wol 'de dichter fan de Kaukasus' neamd. Hy wurdt beskôge as de grutste dichter nei de dea fan Aleksander Poesjkin. Syn ynfloed op it Russysk is hjoeddeisk noch te fernimmen en hy is noch populêr yn en bûten Ruslân, net allinne fanwegen syn poëzij, mar ek troch syn proaza, dat de basis foarme foar de tradysje fan de Russyske psychologyske roman.
Lermontov's wichtichste wurk is de ferhalebondel Герой нашего времени, 'In helt fan us tiid'.