Neffens resint literêr-histoarysk ûndersyk soe Love's Labour's Lost yn 'e perioade 1594-1595 skreaun wêze, yn deselde snuorje dus as Romeo and Juliet en A Midsummer Night's Dream, dêr't it stik ferskate stylistyske oerienkomsten mei fertoand. De âldste boarnen oer in opfiering derfan binne út 1597, doe't it mei de kryst oan it hof fan keninginne Elizabet I op it toaniel brocht wêze soe. Yn alle gefallen datearret de earste papierrene útjefte út 1598. Neffens de âldst oerlevere foarside wie it stik "korrizjearre troch Shakespear" [sic], wat by in protte saakkundigen it fermoeden oproppen hat dat it in op 'e nij besjoene ferzje fan in eardere wurk fan him wie.
Ynhâld
Yn Love's Labour's Lost slút de kening fan Navarra mei trije fan syn hôvelingen, Berowne, Dumaine en Longaville, in ferbûn wêrby't se allefjouwer in eed ôflizze om 'e folgjende trije jier fan harren libben oan stúdzje te wijen en sa lang net om in frou stykje te sillen. Al rillegau neitiid arrivearret lykwols de prinsesse fan Frankryk mei har trije hofdames oan it Navarreeske hof en binnen de koartste kearen rekket de kening fereale op 'e prinsesse en syn hôvelingen op 'e hofdames.
It haadferhaal wurdt fan dat punt ôf ûnderstipe troch ûnderskate oare komyske ferhaallinen. In mei in frijwat swier aksint pratende Spaanske swurdfjochter, don Adriano de Armado, besiket om it boerefanke Jaquenetta it hof te meitsjen en faalt dêr jammerdearlik by. Hy wurdt holpen troch syn paazje en tsjinwurke troch de doarpsgek Costard. Fierders wurde twa wittenskippers yntrodusearre, Holofernes en sir Nathaniel, dy't yn bargelatyn mei-inoar yn debat geane.
Oan 'e ein fan it toanielstik arrivearret it nijs dat de Frânske kening stoarn is. De prinsesse moat halje-trawalje nei hûs om har heite plak op 'e troan yn te nimmen. De kening fan Navarra en syn hôvelingen swarre dat se de froulju trou bliuwe sille, mar dy twifelje oan harren wurd. Se stelle dat de manlju in jier en in dei wachtsje moatte om te bewizen dat harren leafde oprjocht is. Dat is in hiel apart ein foar in komeedzje fan út dy tiid; men fermoedet dat in ferlern gien toanielstik, dat neamd wurdt troch Francis Meres, Love's Labour's Won, in ferfolch hjirop is.
Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. I: Komeedzjes: In Komeedzje Fol Forsinnen, Leafde's Lêst Net Leanne, De Twa Eallju fan Verona, Drachten, 1956 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN-nûmer.
Shakespeare, William, Trije Komeedzjes: In Komeedzje Fol Fersinnen / Leafde's Lêst Net Leanne / De Twa Eallju fan Verona, De Gordyk, 2007 (Utjouwerij Bornmeer y.g.m. St. Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN-10: 9 05 61 50 804; ISBN-13: 978-9 05 61 50 808.