It Krieë Yndianereservaat leit yn it súdlike part fan 'e Amerikaanske steatMontana, en omfiemet benammen dielen fan 'e countysBig Horn en Yellowstone, mei bûtenreservaatsk beheargebiet yn Treasure County. De stêdBillings leit likernôch 16 km noardwestlik fan it reservaat. It Krieë Reservaat hat in totaal oerflak fan 9.340,9 km², wêrfan't 9207,3 km² út lân en 133,6 km² út wetter bestiet. Dêrmei is dit Yndianereservaat it grutste yn Montana en it op fjouwer of fiif nei grutste fan 'e Feriene Steaten (ôfhinklik fan 'e fraach oft it oerflak oan wetter meirekkene wurdt wikselet it fan plak mei it Standing Rock Yndianereservaat yn 'e Dakota's).
It Krieë Yndianereservaat waard yn 1868 neffens de ôfspraken fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie foar de Krieën oprjochte. Yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw setten de measten fan harren har dêr nei wenjen. Oarspronklik wie it reservaat in stik grutter, en fan 1869 oant 1874 wie it Yndiaansk agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige yn Fort Parker, op in lokaasje sa'n 13 km eastlik fan wêr't no Livingston (Montana) leit. Yn it reservaat setten de Krieën harren fierhinne nomadyske libbenswize fuort, ek al brocht harren dat út en troch yn botsing mei harren tradisjonele fijannen, de Lakota, dy't de it streamgebiet fan 'e Powderrivier behearsken.
Doe't der yn 1874goud fûn waard oan 'e westlike râne fan it Krieë Reservaat, yn it Absaroka-berchtme, en blankegoudsikers it gebiet ynkrongen, waard it reservaat yn 1875 ferlytse. Mei't Fort Parker yn it ôfnommen lân lei, waard der 106 km fierder nei it easten ta, oan 'e rivier de Stillwater, yn 'e delling fan 'e Yellowstone, in nij agintskip stifte. De folgjende tsien jier fûnen der grutte feroarings plak. Nei de grutte Grutte Sû-Oarloch fan 1876 wie it dien mei de macht fan 'e Lakota, mei as gefolch dat de kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken begjinne koe. Dêrûnder hiene ek de Krieën te lijen doe't troch blanke hûdejagers moedwillich de bizons útrûge waarden dêr't de Flakte-Yndianen ôfhinklik fan wiene.
Yn 1884 late de kolonisaasje fan it lân om it Krieë Reservaat hinne ta de twadde en definitive ferhuzing fan it Yndiaanske agintskip, diskear mear as 160 km nei it easten ta, dêr't der úteinlik it doarp Crow Agency omhinne groeide. Yn 1887 fûn yn dyselde krite de Krieë-Oarloch plak. Yn 1918 organisearren de Krieën in grutte pow-wow om harren eigen kultuer út te dragen, en nûgen dêr ek oare stammen foar út. Dizze gearkomste, dy't bekendstiet as de Krieë-Merke (Crow Fair) wurdt tsjintwurdich, noch hieltyd mei dielname fan oare Yndiaanske folken, op jierlikse basis holden yn it trêde wykein fan augustus. It hat him ûntjûn ta ien fan 'e wichtichste Yndiaanske gearkomsten fan 'e Grutte Flakten.
Demografy
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 hie it Krieë Reservaat doe 6.894 ynwenners. Dêrûnder binne sa'n 6.600 etnyskeKrieën, mei't der ek lytse oantallen blanken en Latino's binnen de grinzen fan it reservaat wenje. De befolkingstichtens yn it Krieë Reservaat leit op 0,7 minsken de km². De grutste wenkearn is it haadplakCrow Agency, dat in befolking fan goed 1.600 ynwenners hat.