Karlsbad is in gemeente yn 'e lânkring Karlsruhe yn 'e Dútske dielsteat Baden-Württemberg oan 'e noardlike râne fan it Swarte Wâld. De gemeente ûnstie yn it ramt fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1 septimber 1971.
Skiednis
De namme ferwiist nei de troch Karel III Willem fan Baden-Durlach yn 1719 yn Langensteinbach stifte baai-ynrjochting en moat net betiizge wurde mei it ferneamde Boheemske Karlsbad.
De gemeente Karlsbad waard yn it ramt fan 'e weryndieling yn Baden-Württemberg op 1 septimber 1971 stifte troch gearfoeging fan 'e earder selstannige gemeenten Auerbach, Ittersbach, Langensteinbach, Mutschelbach en Spielberg.
Plakken en ynwennertal
Plak (Ortsteil) |
Ynwennertal 28.02.2017
|
Langensteinbach |
6.370
|
Ittersbach |
3.101
|
Spielberg |
2.817
|
Mutschelbach |
1.848
|
Auerbach |
1.801
|
Meiïnoar |
15.937
|