Zwagerman wie jierrenlang oanhelle mei depresjes; op 8 septimber 2015 makke er in ein oan syn libben.[1]
Jonkheid en oplieding
Johannes Jacobus Willebrordus Zwagerman waard berne yn Alkmaar as soan fan ûnderwizers.
Doe't er njoggen wie makke er it mei de hân skreaune tydskrift, De Zwagergids, gearstald út teksten en plaatsjes fan telefyzjegidsen.
Zwagerman die de Havo oan de Ryksskoallemienskip Noord-Kennemerland yn Alkmaar. Dêrnei gie er nei de Pedagogyske Akademy. Nei syn diplomearring studearre er Nederlandse taal- en letterkunde, mar makke dy stúdzje net ôf. Yn syn studintetiid skreau er al ferskate artikelen. Nei syn stúdzje folge er in kursus kreätyf skriuwer by romanskriuwer Oek de Jong.
Wurkpaad
Zwagerman debutearre mei de romanDe houdgreep yn 1986. Gimmick! (1989), syn twadde roman waard bewurke ta toanielstik en berikte in folle breder publyk. Hy skreau syn tredde boek, Vals licht, yn 1991 en krige dêrfoar de AKO Literatuerpriis. Vals Licht wie teffens de grûnslach foar in film fan Theo van Gogh (1993).
Der folgen mear romans: Chaos en Rumoer, Zes Sterren en De buitenvrouw. Zwagerman syn wurk is oerset yn tolve talen, ûnder oaren yn it Dútsk, Frânsk en Japansk.
Njonken boeken publisearre Zwagerman ek gedichten en essays. Yn 1987 ferskynde syn earste dichtbondel Langs de doofpot. Hy krige de Awater poëzy priis foar de samling Roeshoofd hemelt (2005) , dy't fjouris werprinte waard.
Under syn essaybondels binne Pornotheek Arcadië (2001) en Het vijfde seizoen (2003).
Zwagerman wie teffens in warber kollumnist, foar de Volkskrant (1998–2002) en sûnt 2001 foar NRC Handelsblad. Fierders wie er presintator fan it VPRO-telefyzjeprogramma Zomergasten en die er in teätertour mei skriuwer Ronald Giphart.
Zwagerman wie teffens geregeldwei op de Nederlânske tillefyzje te sjen; yn it VARA-programma De Wereld Draait Door,[2][3] joech er geregeldwei lytse kolleezjes oer keunstûnderwerpen. Zwagerman mocht syn leafde foar de keunsten graach op een breed publyk oerbringe; dat die er op in entûsjaste, oansteklike manier.
Joost Zwagerman wenne oant syn skieding mei syn frou en trije bern yn Amsterdam. Desimber 2012 sette er him mei syn nije freondinne nei wenjen yn Haarlim.