Joan Haanappel (De Haach, 13 novimber 1940 - Leuven (Belgje), 23 febrewaris 2024) wie in Nederlânsk keunstrydster; nei har aktive sportkarriêre wie sy sportpresintatrise en ferslachjouster by de NOS, AVRO, ZDF en Eurosport.
Sy die seis kear mei oan it Wrâldkampioenskip, en it Europeeske kampioenskip dêr't sy al mei tolve jier har debút makke, en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1956 en 1960). Sy wist by dizze kampioenskippen trije in brûnzen medalje te winnen by de Europeeske kampioenskippen. Sy waard ek fjouwer kear Nederlânsk kampioene keunstriden.
Nei it WK fan 1960 sette hja in punt efter har wedstriidkarriêre en waard hja earst beropsrydster by de "Wiener IIsrevue" en letter by "Holiday on Ice".
Fan 1975 ôf joech se tritich jier lang kommentaar by it keunstriden foar Studio Sport en letter by Eurosport. Yn de jierren 1980 wie sy op it Dútske twadde net (ZDF) alle moannen ko-presintator fan Das Aktuelle Sport Studio, in sportshow op sneontejûn.
Hja wie as earste keunstrydster lid fan it Algemien Bestjoer fan 'e KNSB.
Yn 2008 rjochte sy de Stifting Keunstriden Nederlân (SKN) op, om mear omtinken te freegjen foar it Nederlânske keunstriden en om talintearre keunstriders te trainen en begelieden. Hja waard ek de foarsitter fan dizze stichting. Ek trede se op as mentor fan Olympiër Lindsay van Zundert. Yn 2018 waard de stifting omneamd ta de Joan Haanappel Stifing Keunstriden.[1]
Joan Haanappel ferstoar op 23 febrewaris 2024, yn 'e âldens fan 83 jier, nei in koart siikbêd.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|