Jan Bos (Hierden, 29 maart 1975) is in earder Nederlânsk langebaanrider. Hoewol't Bos sels leaver allrounder wurden wie, ûntwikkele hy him benammen ta sprinter en ried foaral de koarte ôfstannen 500, 1000 en 1500 meter. Yn 1998 waard hy de earste Nederlânske wrâldkampioen Sprint.
Karrière
Jan Bos kin beskôge wurde as in skoalfoarbyld fan "hoe't men heart te riden". As gjin oar wit hy syn krêft om te setten yn beweging nei foaren ta op it iis. Mei syn destiidske coach Peter Mueller wurke hy oan syn foarm en yn 1998, it jier dat hy wrâldkampioen sprint waard, stapte hy oer op in oar type klapreed.[1]
In desimber 2005 wint hy op it NK Ofstannen 2006 ferrassend sawol de 500, 1000 as 1500 meter. Sa kwalifisearret hy him foar dy trije ôfstannen foar de Olympyske Winterspullen 2006. By de Iepeningsseremoanje droech hy de Nederlânske flagge.
Syn broer Theo Bos is fiiffâldich wrâldkampioen baanhurdfytsen. Jan Bos is ek in treflik hurdfytser. Tegearre mei syn broer Theo en Teun Mulder helle hy yn 2003 in fiifde plak op it WK teamsprint en in jier letter die hy mei oan de Olympyske Spullen yn Atene.
Yn jannewaris 2006 wint Bos brûns op it WK Sprint op It Hearrenfean.
Yn 2008, tsien jier nei it wrâldkampioenskip wûn te hawwen, stiet hy nei twa ôfstannen op it twadde plak yn it tuskenklassemint efter Jeremy Wotherspoon. Op de tredde ôfstân rydt hy yn Thialf tsjin Wotherspoon, mar falt hy krekt nei de earste bocht.[2]
Nei it seizoen 2007-2008 stoppet Telfort mei de sponsoring fan de Team Telfort ridersploech dêr't Bos diel fan útmakket. Hy stapt oer nei de nije ridersploech Hofmeier dy't treend wurdt troch Ron Neymann en Jan van Veen.[3]
Yn syn lêste seizoen, 2010-2011, wurdt de 35-jierrige Bos sponsore troch Bureau B+O Arsjitekten út Meppel.[4] Tegearre mei de Italjaanske ploech fan Gianni Romme wurket hy syn treningen ôf.[5] Op de Nederlânske kampioenskippen
wint Bos brûns op de 1000 meter en pleatst him foar de wrâldbekerwedstriden. By de world cup yn Obihiro op 12 desimber wurdt hy ferrassend tredde yn 1.10,17. It is syn earste poadiumplak yn hast twa jier tiid. Doe is hy yn Erfurt ek as tredde einige op de kilometer.[6]
Nei it seizoen 2010-2011 kundigde Jan Bos oan te stopjen mei reedriden.
Yn 2012 sil Jan Bos yn gearwurking mei it Human Power Team Delftbesykje om de snelste fytser fan de wrâld te wurden yn de World Human Powered Speed Challenge yn Battle Mountain, Nevada. Hjirfoar sil hy it wrâldrekord fan 133 km/h, dat no op namme stiet fan de Kanadees Sam Whittingham, ferbrekke moatte yn de stroomline lisfyts dy't spesjaal foar dizze wedstriid makke wurdt.
Rekords
Persoanlike rekords
- 500 meter: 34,72 (12 febrewaris, 2002, Salt Lake City)
- 1000 meter: 1.07,20 (22 maart, 2009, Calgary )
- 1500 meter: 1.44,87 (4 maart, 2007, Calgary )
- 3000 meter: 3.50,53 (16 maart, 2001, Calgary )
- 5000 meter: 6.46,59 (17 maart, 2001, Calgary )
- 10000 meter: 15.23,18 (11 maart, 1993, Thialf)
Wrâldrekords
Resultaten
Jier
|
NK Ofstannen
|
NK Sprint
|
WK Sprint
|
WK Ofstannen
|
Olympyske Spullen
|
Wrâldbeker
|
1994 |
9e 500m 6e 1000m 10e 1500m
|
|
|
|
|
|
1995 |
5e 500m 4e 1000m 10e 1500m
|
5e |
|
|
|
|
1996
|
500m 1000m |
|
24e |
|
|
39e 1000m
|
1997
|
|
|
13e |
8e 500m 1000m. |
|
20e 500m 4e 1000m
|
1998
|
500m. 1000m 5e 1500m
|
|
|
5e 500m 4e 1000m
|
12e 500m 1000m 4e 1500m |
5e 500m 1000m 17e 1500m
|
1999
|
500m 1000m 1500m
|
|
|
fal 500m 1000m
|
|
4e 500m 1000m 6e 1500m
|
2000
|
500m. 1000m
|
|
4e |
5e 500m 1000m 1500m
|
|
5e 500m 1000m 6e 1500m
|
2001
|
500m 1000m 10e 1500m
|
Siik |
4e |
21e 500m 10e 1000m |
|
8e 500m 10e 1000m 23e 1500m
|
2002
|
500m 1000m 5e 1500m
|
|
Diskw. |
|
9e 500m 1000m 7e 1500m |
7e 500m 1000m 26e 1500m
|
2003
|
500m 1000m
|
|
7e |
5e 500m 15e 1000m
|
|
5e 500m 1000m
|
2004
|
500m 7e 1000m
|
6e |
|
14e 500m 5e 1000m |
|
28e 100m 16e 500m 9e 1000m
|
2005 |
4e 500m 5e 1000m 10e 1500m
|
|
6e |
1000m |
|
23e 500m 5e 1000m
|
2006
|
500m 1000m 1500m
|
|
|
|
11e 500m 5e 1000m 20e 1500m |
43e 500m 12e 1000m 7e 1500m
|
2007
|
500m 1000m 1500m |
|
12e |
16e 500m |
|
36e 100m 19e 500m 4e 1000m 6e 1500m
|
2008
|
5e 500m 1000m 9e 1500m |
|
39e |
5e 1000m |
|
25e 100m 24e 500m 1000m
|
2009
|
8e 500m 6e 1000m |
4e |
|
5e 1000m |
|
12e 1000m
|
2010
|
8e 500m 7e 1000m |
|
|
|
29e 500m 12e 1000m |
51e 500m 15e 1000m
|
2011
|
10e 500m 1000m |
|
12e |
|
|
|
Medaljespegel
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|