James DiGiorgio (yn 'e Feriene Steaten, 1950), is in Amerikaansk rêstend regisseur, produsint en senarioskriuwer fan pornografyske films. Hy sette yn 1987 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en makke mear as hûndert films. Yn 2010 beëinige er syn karriêre.
Libben en karriêre
DiGiorgio waard yn 1950 berne earne yn 'e Feriene Steaten. Hy is fan Italjaansk etnysk komôf. Hy sette yn 1987, doe't er 37 jier wie, útein mei in karriêre as regisseur yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Dêrby fungearre er ek wolris as filmprodusint, en skreau er faak syn eigen senario's. Hy wurke foar filmstudio's as VCA Pictures, Vivid Entertainment, Sin City, Red Light District, Hustler Video, Shane's World en Legend Video.
Ien fan 'e bekendste films fan DiGiorgio wie Boobwatch, út 1996, in parody fan it grutte-boarstesjenre op 'e aksjesearje Baywatch, dy't yn 'e 1990-er jierren tige populêr wie. Foar Broken, út 2008, waard er nominearre foar in prestizjeuze AVN Award (de Oscar fan 'e pornoyndustry) yn 'e kategory bêste fideografy. Yn totaal makke DiGiorgio neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) 113 pornofilms.
De Internet Movie Database (IMDb) telt fierders 39 films wêrby't er as kameraman belutsen wie, 15 films wêrfoar't er de montaazje die, 8 films dêr't er it senario foar skreau, 8 films dêr't er de kamerarezjy foar fersoarge, 4 films dy't er produsearre, 3 films wêrfoar't er de produksjemanager wie, en 1 film dêr't er as artdirector yn behelle wie. DiGiorgio spile ek wol as akteur yn syn eigen films, mar altyd yn net-seksuële figuranteroltsjes. Yn 2010 breide er in ein oan syn wurkpaad yn 'e pornoyndustry.
Prizen en nominaasjes
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|