Bergman ferlear op jonge leeftiid har beide âlden en waard troch famyljeleden grutbrocht. Se studearre oan de Keninklike Teäterskoalle yn Stockholm en har earste rol wie yn de Sweedske film Munkbrogreven (1934). Nei njoggen films yn Sweden gie se yn 1938 nei Dútslân, dêr't se in kontrakt tekene mei de UFA foar trije films. Allinne de earste, Die vier Gesellen, waard echt makke. Dêrnei sette se ôf nei de Feriene Steaten, nei alle gedachten foar har man Petter Aron Lindström. Se makke dêr namme troch in rol yn de film Intermezzo (1939).
Yn 1949 bloeide op de set fan Stromboli it kontakt mei Roberto Rossellini op ta in affêre. Trochdat se beide boaske wiene, waard de relaasje, wêrby't se ek swier waard, in skandaal wêrûnder har karriêre hast beswiek. Nei de berte fan harren poppe (Renato), boaske it stel. Bergman waard ek noch mem fan de twilling Isabella Rossellini (aktrise) en Isotta Rossellini.
↑In 1944, Bergman's best friend Jennifer Jones won the Academy Award for Beste Actress for her work in The Song of Bernadette. Jones apologized to Bergman, who replied, "No, Jennifer, your Bernadette was better than my Maria." Jones presented the Best Actress Oscar the following year to Bergman for Gaslight. Source:Gary Moody, All the Oscars: 1943. the OscarSite.com - A celebration of all things Oscar. Oproppen op 10 desimber 2006.