I'm Your Man is in album fan Leonard Cohen ferskynd yn 1988. It is it earste pop/rock-eftige album fan Cohen. Kwalitatyf wurdt dit album frij algemien as in grutte foarútgong beskôge ferlike mei de meagere foargonger, Various Positions.
It nûmer Everybody Knows wie it earste nûmer dat Cohen yn 1984 makke yn gearwurking mei Sharon Robinson. It wie it begjin fan in langjierrige gearwurking. It nûmer waard ferskate kearen troch oare artysten útbrocht, ûnder oaren troch ex-Eagle Don Henley.
Alle nûmers binne skreaun troch Cohen, foar safier dat yn gearwurking mei oaren dien is, stiet dat oanjûn.
Spyllist
nû.
|
titel
|
skriuwers
|
doer
|
1.
|
First We Take Manhattan
|
Leonard Cohen
|
6:01
|
2.
|
Ain't No Cure for Love
|
Cohen
|
4:50
|
3.
|
Everybody Knows
|
Cohen, en Sharon Robinson
|
5:36
|
4.
|
I'm Your Man
|
Cohen
|
4:28
|
5.
|
Take This Waltz
|
Federico García Lorca en Cohen
|
5:59
|
6.
|
Jazz Police
|
Cohen en Jeff Fisher
|
3:53
|
7.
|
I Can't Forget
|
Cohen
|
4:31
|
8.
|
Tower of Song
|
Cohen
|
5:37
|
Ferwizing
It album mei alle teksten op de side fan Cohen