De Ruskeasuon liikuntahalli waard boud yn 1940 foar de Olympyske Simmerspullen fan 1940, mar dy waarden ôfsein yn ferbân mei de Twadde Wrâldkriich. Yn 1952 mocht Helsinky as noch de Spullen hâlde. De Ruskeasuon liikuntahalli wie it haadstadion foar de hynstesport hoewol't allinne it Dreseur dêr wie. It Springen waard hâlden yn it Olympysk Stadion.