De Helsingin Velodromi waard boud yn 1940 foar de Olympyske Simmerspullen fan 1940, mar dy waarden ôfsein yn ferbân mei de Twadde Wrâldkriich. Yn 1952 mocht Helsinky as noch de Spullen hâlde. It Velodroom hat plak foar 7.000 taskôgers, is 400 meter lang en hat in kanting fan 37.5 graden. It middenfjild wurdt brûkt foar fjildsporten, bygelyks hockey en Footbal en Lakrosse. Mei de Olympyske Simmerspullen waard it fjild brûkt foar it Olympyske Hockeytoernoai. Yn 2000 hat it fjild keunstgêrs krige.