Lauswolt is ferneamd nei de oarspronklike einierdefamylje dy't op it stee wenne, de famylje Lauswolt fan Beetstersweach. De namme 'Lauswolt' komt (yn it Nederlânsk) ek foar as plaknamme Lauswold, Louwswoud en Louswolt. It tinken is dat it in ôflieding is fan 'e jongesnammeNikolaas, yn it DútskNikolaus. It lêste diel fan 'e gearstalling, "-wolt", kin yn it Frysk oerset wurde as "wâld", mar kin sawol op bosk as op heide slaan.
Jan Anne syn soan Augustinus Lycklama à Nijeholt wie de earste bewenner fan Lauswolt. Hy ferbleau der lykwols net lang, mei't er nei syn houlik, yn 1872, rillegau ferfear nei de buorren fan Beetstersweach. Yn 1878 ferkocht de famylje Lycklama à Nijeholt de bûtenpleats Lauswolt foar ƒ100.000 oan Reinhard baron van Harinxma thoe Slooten. Augustinus Lycklama à Nijeholt útfanhuze neitiid geregeldwei yn it hûs fan syn heit en nei har ferstjerren yn dat fan syn suster, it Lycklamahûs, yn Beetstersweach.[2] Van Harinxma thoe Slooten bewenne Lauswolt mei syn beide bern en húshâldster oant syn dea yn 1928. Syn dochter Adriana, dy't troud wie mei in Jan Bieruma Oosting fan It Oranjewâld, urf it lângoed doe, en liet it gebou ferbouwe troch arsjitekt Willem Gerretsen en de yndieling fan 'e tún oanpasse troch S. Voorhoeve.