In state wie oarspronklik in hûssteed, letter ek in hûs (mei of sûnder hiem fan in hoarnleger, appelhof ensfh.). Sa ûntstie in ôflaat begryp fan it wurd state: in foarnaam hûs (bygelyks in stins) dat dan mei syn namme oan de hiele sate joech. Wie it hûs minder opfallend, dan hiet de hiele pleats nei it lân: de sus-en-sa-sate.