Henry Fonda yn The Lady Eve .
Fonda yn The Tin Star .
Henry Jaynes Fonda (Grand Island , 16 maaie 1905 - Los Angeles , 12 augustus 1982 ) wie in Amerikaansk akteur (yn film, teater en op telefyzje).
Fonda makke syn Hollywooddebút yn 1935, mar wie al earder te sjen yn Broadwayproduksjes.
Fonda's karriêre kaam yn de jierren 40 gong yn te sitten nei't er nominearre waard foar in Academy Award foar syn rol yn de film The Grapes of Wrath . Yn de jierren dêrnei spile er grutte rollen yn klassikers as The Ox-Bow Incident , Mister Roberts en Twelve Angry Men . Op lettere jierren spile er sawol grutte rollen (Once Upon a Time in the West ) as lichtere rollen (Yours, Mine and Ours ).
Fonda's subtile, naturalistyske wize fan toanielspyljen waard earst jierren letter populêr mei it metoadysk aktearjen . Fonda spile faak rjocht en sljocht idealisten.
Hy wie de heit fan de akteurs Jane Fonda en Peter Fonda en de pake fan aktrise Bridget Fonda .
Fonda stoar yn de âldens fan 77 jier yn Los Angeles.
Filmografy
Keppeling om utens