Helmantel is de middelste fan fiif bern en groeide op as bern fan âlden dy't in eigen kwekerij hiene. It kristendom wie wichtich yn de famylje; Helmantel is lid fan de PKN. Helmantel hat fan 1961 oant 1965 studearre oan de Akademy Minerva yn Grins.
Helmantel wurdt beskôge as in fynskilder. Dat betsjut dat er syn ûnderwerpen tige sekuer ôfbyld. Hy makket in soad stillibbens en ynterieurs fan midsiuwske tsjerken en kleasters. Hy rjochtet him benammen op de romaanske en ier-goatyske boukeunst, sawol yn Nederlân as oare gebieten yn West-Europa. Hy neamt Rembrandt as in wichtige boarne fan ynspiraasje foar syn wurk.
Op 25 febrewaris 2000 waarden in tal skilderijen, brûnzen bylden en antike dingen stellen út de eksposysjeromte fan Helmantel. Op 18 july 2000 waarden twa persoanen oanholden doe't hja besochten losjild fan Helmantel te krijen. Alle keunststikken kamen sûnder skea werom by de skilder.
In 2007 wegere direkteur Kees van Twist fan it Grinzer Museum it wurk fan Helmantel út te stallen, om't it net passe soe yn it belied fan it museum. Dat hat laat ta in protte lilkens. [1]. Dat feroare yn 2014, doe 't in wurk fan Helmantel oankocht waard.
Helmantel is ek bekend as foarfjochter fan it kultuerhistoarysk erfgoed fan Grinslân. Hy sloopte syn âlde wente, in filla út de iere 20e iuw, en boude fan 1974 ôf de midsiuwske pastorije dy't yn 1912 ôfbrutsen wie opnij. It slagge him om dêrfoar subsydzje fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch te krijen.
Henk Helmantel laat ek begraffenissen op it tsjerkhôf yn Westeremden. Yn Grins hat er in oantal grêfstiennen op it Joadsk tsjerkhôf oan de Moesstrjitte restaurearre.[2]
Skilderij fan Henk Helmantel út de samling fan de ING
Súdbeuk fan de tsjerke yn Loppersum (1969)
Tentoanstellingsromte yn de weem
Keunstsamling
De keunstner hat yn 'e mande mei syn frou Babs in mânske keunst- en antyksamling oanlein, wêrûnder in tal wurken fan Rembrandt, dy 't geregeld toand wurde op tentoanstellingen. [4]
Sûnt juny 2016 is der yn it haadgebou fan it Hof fan Saksen, yn Nooitgedacht (Drinte), de Kolleksje Harms Rolde, dêr't in tsiental skilderijen fan Helmantel by binne.