De H.H. Elisabet en Laurentiuskatedraal is in tsjerke yn Rotterdam en sûnt 1967 de biskopstsjerke fan it bisdom Rotterdam.
Skiednis
De bou fan 'e tsjerke fûn plak yn twa perioades: tusken 1906 en 1908 waarden it koer, it dwersskip en it skip fan 'e tsjerke boud, folge troch de bou fan it westlike diel en de tuorren tusken 1920 en 1922.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke by in Britsk bombardemint op 3 oktober 1941 de yngong, it dak en de koepel fan 'e tsjerke slim skansearre. By in loftoanfal op it gebou fan 'e Sicherheitsdienst oan 'e Heemraadssingel op 29 novimber 1944 waard in sydskip slim rekke. Nei de befrijing waard de skea wer ferholpen.
Yn 1967 waard de Sint-Elisabettsjerke de katedraal fan it bisdom Rotterdam en krige it gebou ek de hjoeddeiske namme. It ynterieur waard modernisearre, wêrby't guon eleminten yn it wyt oerkalke waarden. De restauraasje fan 2010-2011 brocht it ynterieur safolle mooglik werom nei de oarspronklike steat. Dy restauraasje koste likernôch 7 miljoen euro.
Oargel
It oargel waard yn 1927 boud troch de firma Elbertse út Soest. It front is in ûntwerp fan arsjitekt Buskens. Nei de oarloch moast it ynstrumint fanwegen de skea troch de bombardeminten restaurearre wurde. De firma Adema-Schreus restaurearre en fergrutte it oargel yn de jierren 1997-1998.
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:HH. Laurentius- en Elisabethkathedraal